Proef mei treinopstap by stasjon Heerenveen IJsstadion by reedrydeveneminten

By twa grutte reedrydeveneminten yn Thialf yn 2026 lit NS nei tsien jier wer treinen ophâlde by stasjon Heerenveen IJsstadion. It giet om in pilot wêryn't Provinsje Fryslân, Gemeente Hearrenfean, Thialf en oare belutsen partijen ûndersykje oft in evenemintetsjinstregeling in takomst hat.

Fan 1977 oant 2015 waard stasjon Heerenveen IJsstadion betsjinne by reedrydeveneminten yn Thialf. Nei de modernisearring fan de perrons yn de jierren njoggentich en begjin 2000 waard de evenemintetsjinstregeling yn 2015 beëinige, om't reizgers der minder gebrûk fan makken. De jierren dêrnei wie der gjin romte mear yn de NS-tsjinstregeling foar in haltering. Yn 2025 hat de provinsje ûndersocht oft in evenemintetsjinstregeling opnij mooglik is. De positive útkomst fan dit ûndersyk is de basis fan de pilot.

Gearwurking

De pilot is ta stân kommen troch gearwurking tusken de provinsje Fryslân, de gemeente Hearrenfean, Thialf, NS, ProRail, House of Sports en de KNSB, mei stipe fan More2Win en Haskoning. Mei de pilot wolle de belutsen partijen ynsjoch krije yn hoefolle besikers echt mei de trein reizgje nei Thialf. Sa draacht de proef by oan it stimulearjen fan duorsume mobiliteit en leveret it weardefolle ynformaasje op foar de organisaasje fan takomstige grutskalige eveneminten. Provinsje Fryslân, Gemeente Hearrenfean en Thialf hawwe har posityf útsprutsen oer it dragen fan de finansjele garânsjes foar dit projekt.

Tydlike oanpaste tsjinstregeling

By it Daikin NK Allround en Sprint 2026 (28 febrewaris o/m 1 maart 2026) en it ISU WK Allround en Sprint 2026 (5 o/m 8 maart 2026) sil de NS-trein ophâlde by Heerenveen IJsstadion. By dizze eveneminten rydt der in ekstra Sprinter tusken Ljouwert en Zwolle en tusken Zwolle en Ljouwert, wêrtroch't der twa Sprinters yn ’e oere ride yn stee fan ien. By de stasjons Wolvegea en Stienwyk stopt de Sprinter ien kear yn ’e oere (neist de Intercity, dy't twa kear yn ’e oere ophâldt yn Stienwyk). Treinkaartsjes nei Heerenveen IJsstadion kinne fanôf 90 dagen foar it NK kocht wurde en wy riede oan om de aktuele treintiden altyd te rieplachtsjen fia de NS-reisplanner.