Noard-Nederlân hat syn plannen foar in bettere OV-berikberens bondele yn de saneamde Ontwikkelagenda 2040. Ferline moanne hat deputearre Avine Fokkens-Kelder út namme fan Noard-Nederlân de aginda oanbean oan steatssiktaris Heijnen. Hjiryn stean de ambysjes fan de provinsjes Fryslân, Grinslân en Drinte yn gearwurking mei de gemeenten Ljouwert, Grins, Assen en Emmen ferwurde.

De ambysjes binne in bondeling fan besteande MIRT-ôfspraken, it lanlik Takomstbyld OV 2040 en de ferskate mobiliteitsprogramma's fan de noardlike oerheden. Fluggere spoarlinen fan en nei it Noarden en in fynmezige ûntsluting fan it plattelân. Mei goede en ynnovaasje oerstapfoarsjenningen (hubs) tusken ferskillende linen en ferfierswizen. De oerheden binne derfan oertsjûge dat it iepenbier ferfier foar sterke stêden en in fitaal plattelân boppedat ûnmisber is foar urginte opjeften as klimaat, enerzjy, stikstof en wenningbou.

Ontwikkelagenda 2040(eksterne keppeling)