Omjouwingsoardering

Wy passe de Omjouwingsferoardening oan

Op 1 jannewaris 2024 is de Omjouwingsferoardening yn wurking gien. Yn de Omjouwingsferoardering steane de regels foar de fysike leefomjouwing. 

De Omjouwingsferoardering moat op ûnderdielen wizige wurde. Dêrfoar is in wizigingsferoardering opsteld. Fan 2 april oant en mei 13 maaie 2024 hat dy wizigingsferoardering op besjen lein. Yn dy tiid koe in sjenswize yntsjinne wurde nei oanlieding fan de foarnommen wizigingen. 

Alle ynkommen sjenwizen binne opnommen yn in Reactienota. De reaksjenota kinne jo rieplachtsje. 

Yn de Reactienota kinne jo alle sjenswizen weromfine mei dêrby de reaksje fan Deputearre Steaten op de ynbrochte sjenswize en de konklúzje oft de sjenswize al of net liedt ta in oanpassing fan de wizigingsferoardering. 

Provinsjale Steaten beslute op 25 septimber 2024 oer de wizigingsferoardering.

Hawwe jo in fraach? Stel dy oan ús Klantkontaktsintrum: 058 - 292 59 25.

Een bord in een natuurgebied waar op staat Stiltegebied

Tagelyk mei de Omjouwingswet is op 1 jannewaris 2024 de Omjouwingsferoardening Fryslân 2022 yn wurking gien. Dy Oardening slút oan op de ambysjes en opjeften út de Omjouwingsfisy fan de provinsje Fryslân “De romte diele”.

De Omjouwingsferoardering is in digitale feroardering, dy't yn it plak kommen is fan hast alle ferskillende feroarderingen foar de fysike leefomjouwing dy't de provinsje no hat. Tink oan: de Feroardering Romte, Wetterferoardering, Farwegeferoardering, Wegenverordening, Milieuverordening, Verordening wet Natuurbescherming ensfh. De measte feroarderingen binne ferfallen op it stuit dat de Omjouwingsferoardening yn wurking gie.

Regels út ferskate feroarderingen steane yn ien dokumint, foar mear oersjoch.

Taheakken en Kaarten dy't by de omjouwingsferoardering hearre

Fraach/melding omjouwingswet