Nijjierstaspraak kommissaris Brok: demokrasy, ekonomy en it Waad ûnder druk
De druk op'e demokrasy, de needsaak fan in sterkere regionale ekonomy, de soarchwekkende steat fan it Waadgebiet en it belang fan kultuer as bynmiddel yn in ferdielde maatskippij. Dizze fjouwer urgint tema’s binne de spearpunten fan de nijjierspeech dy't kommissaris fan de Kening Arno Brok freedtemiddei útspruts. Neffens Brok steane we oan it begjin fan in jier fol útdagingen, ek mondiaal. Mar der binne ek kânsen foar Fryslân om har rol yn Nederlân en Europa krêftich ynfolje te bliuwen.
De kommissaris warskôge mei each op de gemeenteriedsferkiezingen yn maart foar de ôfnimmende reewilligens om aktyf diel te nimmen oan it lokaal bestjoer en rôp op ta werwurdearring fan folksfertsjintwurdigers. Tagelyk wiisde er op de needsaak fan ynnovaasje en kennisûntwikkeling om de Fryske ekonomy takomstbestindich te meitsjen. "Mei 30.000 minsken minder op de arbeidsmerk yn de kommende jierren, is aksje nedich, dat is net allinich mei ai op te fangen." sa seit Brok.
Bysûnder in soad omtinken krige it Waadgebiet. Brok spruts fan alarmearjende ûndersyksresultaten en rôp op ta ynternasjonale gearwurking en in strukturele oanpak foar wittenskiplik ûndersyk. Ek kultuer fertsjinnet neffens de kommissaris in promininter plak yn it lanlike belied: “ Kultuer ferbynt, fiedt ferbyldingskrêft en fersterket boargerskip.”
Ta beslút seach er hoopfol foarút nei Keningsdei yn Dokkum, as momint dat Fryslân him nasjonaal en ynternasjonaal fan syn bêste kant sjen litte sil. “De tariedings rinne as in trein, ik bin ûnder de yndruk fan de belutsenheid, organisaasjekrêft en de kreativiteit fan de Dokkumers.”