Nije entree jout Joadsk begraafplak Tacozijl weardige tagong
It Joadsk begraafplak Tacozijl by De Lemmer waard op tongersdei 8 oktober offisjeel wer yn gebrûk naam nei wurksumheden wêrby't it entreegebiet fan it begraafplak opwurdearre waard. De wurksumheden barden út it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust (VFIJ). Deputearre fan de provinsje Fryslân Friso Douwstra oerlange tegearre mei wethâlder Remboud van Iddekinge fan de gemeente De Fryske Marren in geskink oan bestjoersleden Kees de Haan en Peter van der Sluis fan de stichting Joodse begraafplaats. It selskip brocht ek in besite oan de njonkenlizzende Tienmeloenplas dêr't takom jier wurksumheden dien wurde út VFIJ wei. Dêr wurdt in ferbining tusken de plasse en de Iselmar makke en in rid en opgroeigebiet foar trekfisksoarten kreëarre.
By it Joadsk begraafplak waard koartlyn in nije tagongsdyk oanlein. Dêrmei krije fytsers, kuierders en automobilisten in romme en feilige tagong. De dyk waard yn in bocht nei ûnderen ta oanlein fan de âlde seedyk ôf, wêrnei't men op it nije parkearterrein en it begraafplak ôfrydt. It parkearterrein wurdt sûnt de opwurdearring omfrede troch grutte rûne stiennen; in ferwizing nei in iuwenâld Joadsk gebrûk om stiennen op grêven te lizzen. It besteande stek om it begraafplak hinne waard foar in part ferfongen troch in nij donkergrien stek mei spilen mei dêryn in draaipoarte dy't tagong jout ta it begraafplak.
Oerlanging geskink
It geskink dat oan it bestjoer fan it begraafplak oerlange waard bestie út 15 flat caps. Dy petsjes binne bedoeld foar manlike gasten fan it begraafplak, om't it gebrûk foar manlju is om de holle te bedekken op in Joadsk begraafplak. De petsjes waarden troch it oanwêzige selskip daliks yn gebrûk naam. Foarsitter Kees de Haan sjocht mei grutskens werom op de opwurdearring: “Doe’t wy ús plannen presintearren oan it projekt om yn oanmerking te kommen foar dizze opwurdearring, hiene wy net tocht dat it sa flot gean soe en sa’n moai resultaat hawwe soe. Wy binne der hiel wiis mei en ek mei it geskink.”
Deputearre Friso Douwstra is wiis mei de oanpak út VFIJ wei: “Ik fyn it prachtich dat ús team fan út VFIJ der hieltyd wer yn slagget om dit soarte opwurdearring útfiere te litten. We hawwe yn de ôfrûne jierren dêrtroch in protte moaie ûntwikkelingen meimakke oan e Fryske Iselmarkust.” Wethâlder Van Iddekinge follet him oan: “Der is alle kearen yn dit projekt in yntinsive gearwurking mei beide gemeenten, provinsje Fryslân en lokale partijen en dat smyt ek hjir wer sa'n moai resultaat op. Dêr meie wy echt grutsk op wêze.”
Rid en opgroeigebiet Tienmeloenplas
De Tienmeloenplas by De Lemmer en de foarlizzende baai wurde yn 2027 ferbûn mei de Iselmar. Dêrtroch ûntstiet de mooglikheid in rid en opgroeigebiet foar trekfisksoarten te kreëarjen. De ferbining bestiet út in ‘Kwakernaak’ fiskpassaazje: in bak mei kompartimenten mei kleppen dy’t fungearret as in ‘fiskslûs’. Fisksoarten wurde út de Iselmar wei de fiskpassaazje yn lokke mei in relatyf lytse lokstream, dy’t it 'smaakje' en de wettertemperatuer fan de polder befettet. Dy lokstream wurdt fersoarge troch in pomp. Lâns de rânen fan de Tienmeloenplas wurdt oerstreamingsgerslân realisearre dêr't dizze fisken harren aaien yn ôfsette kinne. As fisken grut genôch binne, wurde se om sa te sizzen troch legere wetterstân/drûchstean rjochting Iselmar ferdreaun. De wurksumheden begjinne yn 2027.

Fersterkje Fryske Iselmarkust
Yn it projekt Versterken Friese IJsselmeerkust wurkje oerheden en natuerorganisaasjes gear oan in sterke en feilige Iselmarkust, mei omtinken foar natuer, lânskip en rekreaasje. Ofrûne jierren wiene der ûnder oare wurksumheden by Laaksum (nije swimtrep en oanlis natuergebiet De Mokkebank), by de Makkumer Noardwaard, de Plattedijk by De Lemmer en by Warkum (strekdaam, strân en natuergebiet). Versterken Friese IJsselmeerkust is in gearwurkingsprojekt tusken it Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken Provinsje Fryslân, Gemeente Súdwest-Fryslân, Gemeente De Fryske Marren, It Fryske Gea, Vogelbescherming Nederland en de Nationale Postcode Loterij. Dy organisaasjes sette harren yn foar maatregels om eroazje foar te kommen en it fergrutsjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. It Ryk stelde goed €13 miljoen beskikber foar Versterken Friese IJsselmeerkust. De regio foege dêr noch €5 miljoen oan ta.
Mear ynformaasje: www.frieseijsselmeerkust.frl.