New Roots Project
Fan 1 oktober 2024 oant en mei 30 septimber 2028 wurkje Nederlânske en Dútske partners gear oan it fersterkjen fan de ferbining tusken minske en natuer. It doel: mear bioferskaat, sûnere ynwenners en duorsum gedrach yn de grinsregio. New Roots wurdt útfierd binnen it Ynterreg VI A-programma Deutschland– Nederlân, mei provinsje Fryslân as leadpartner.
Wêrom dit projekt?
De klimaatkrisis en it ferlies oan bioferskaat litte sjen dat de relaasje tusken minske en natuer ûnder druk stiet. Wittenskiplik ûndersyk toant oan dat minsken dy't har sterker ferbûn fiele mei de natuer – Nature Connectedness – faker duorsum hannelje en bydrage oan bioferskaat, wolwêzen en sûnens.
New Roots set dêrom yn op it fersterkjen fan dizze natuerferbûnens yn Noard-Nederlân en Noard-Dútslân.
Wat sil New Roots dwaan?
It projekt wurket lâns trije pylders:
1. Oerheden & Bedriuwen
- Utwreidzje fan BIJENPACTS (biodiversiteitôfspraken mei organisaasjes)
- Fergrienen fan bedriuweterreinen en bysûndere lokaasjes
- Ûnderstypjen fan wenningkorporaasjes
- Organisearje fan ynternasjonale kennisútwikseling
2. Underwiis & Natueredukaasje
- Untwikkeling en útfiering fan it programma Sensing Nature
- Utfiering op likernôch 30 skoallen yn Nederlân en Dútslân
- Fergriening fan skoalpleinen
- Oplieding en stipe fan learkrêften
- Beliedsadvys foar strukturele yntegraasje fan natuerferbûnens yn it ûnderwiis
3. Keunst & Kultuer
- Community art-projekten yn it lânskip
- Ymprovisaasjeteater foar jongerein
- In grinskrusende Sensing Nature Symfony
- Ynternasjonale keunsteksposysjes
- Untwikkeling fan in Sensing Walk (audiotour)
Dêrneist wurdt de impact wittenskiplik monitoard en evaluearre.
Partners
New Roots wurdt útfierd troch tsien partners út Nederlân en Dútslân:
- Provinsje Fryslân (leadpartner)
- Ryksuniversiteit Grins
- Carl von Ossietzky-Universität Oldenburg
- IVN
- Stichting Van Hall Larenstein
- Stichting Keunstwurk
- Stichting Kunst & Cultuur
- Stiftung für Mensch und Umwelt
- Ökowurk Emden
- Park der Gärten
Mei-inoar foarmje hja in lânskoerskridend netwurk fan oerheden, kennisynstellings, maatskiplike organisaasjes en kulturele partners.
Finansiering
It totale projektbudzjet is € 3.037.055,57.
De finansiering bestiet út:
- € 1.527.370,86 út it Europeesk Fûns foar Regionale Untwikkeling (EFRO)
- Kofinansiering út:
- Land Niedersachsen wei
- Provinsje Fryslân
- Provinsje Grinslân
- Provinsje Drinte
- Eigen bydragen fan alle projektpartners
It projekt rint fan 2024 oant en mei 2028.
Wat smyt it op?
- 30+ skoallen dy't aktyf wurkje oan natuerferbûnens
- 20 nije BIJENPACTS jiers
- Hast 100 publike eveneminten
- Konkrete fergriening fan lokaasjes yn de grinsregio
- Beliedsoanbefellings foar ûnderwiis en duorsume gebietsûntwikkeling
- Duorsume gearwurking oer de grinzen
Mear ynformaasje
New Roots draacht by oan in takomstbestindige grinsregio dêr't bioferskaat, wolwêzen en gearwurking sintraal steane. Foar mear ynformaasje sjoch op new-roots.eu
