Natuergebiet Mokkebank by Laaksum offisjeel oplevere
De werynrjochting fan Natuergebiet de Mokkebank by Laaksum is yn ‘e ôfrûne moannen foar in grut part ôfmakke. Hjoed waard troch wethâlder Remboud van Iddekinge fan gemeente De Fryske Marren fûgelkykhutte De Mok offisjeel oan wethâlder Henk de Boer fan gemeente Súdwest-Fryslân oerdroegen.
De Mokkebank is in nij moeras yn wurding lâns de Fryske Iselmarkust, dêrom is it besteande natuergebiet oars ynrjochte. Mei dit projekt wurket It Fryske Gea mei partners oan in robústere en soarterike kustsône. De oanlis makket diel út fan it programma Versterken Friese IJsselmeerkust, wêryn’t Provinsje Fryslân, gemeenten, natuerorganisaasjes en wetterbehearders gearwurkje oan natuerferbettering, klimaatadaptaasje en belibbing. De nije ynrjochting fan it gebiet -mei twa moerassen mei in natuerlik wetterpeil en de oanliz fan in fisktrep en twa wynmûnen- soarget foar in optimaal libbensgebiet foar fûgels en fisken lâns de Fryske Iselmarkust. Fûgelkykhutte De Mok fan It Fryske Gea gie koartlyn -binnen De Mokkebank- op transport en ferhuze dêrmei fan de iene nei de oare gemeente. Mei de ferhuzing fan De Mok, is de belibbing fan it natuergebiet foar de besiker no ek noch moaier en is ek de ferkearsfeiligens ferbettere. Besjoch yn de fideo-animaasje op dizze side hoe’t De Mokkebank wurket: Mokkebank – Laaksum - Friese IJsselmeerkust
It moeras kin him op in natuerlike manier ûntwikkelje ta libbensgebiet foar fûgels en fisken. De Mokkebank bliuwt -krekt sa’t dy oant no ta wie- net tagonklik foar besikers, mar is goed te besjen fan de Wieldyk ôf en út fûgelkykhutte De Mok wei en fia de ekskurzjes fan It Fryske Gea. Wethâlder Henk de Boer fan de gemeente Súdwest-Fryslân: “Wat geweldich dat fûgelkykhutte De Mok no yn ús gemeente stiet. Besikers kinne hjir op in unike wize de natuer belibje, wylst fûgels en fisken folop de romte krije. Wy binne der grutsk op en sille der goed mei omgean, sadat dit prachtige stikje natuer foar elkenien behâlden bliuwt.”
Paradys foar de fûgels en fisken
It oanlizzen fan twa moerasgebieten, fol fariaasje en mei in natuerlik wetterpeil, biedt de fisken romte om te ridzjen. De útkommen jonge fisk kin dêr opgroeie en dêrnei fierder lûke nei de Iselmar. Dat soarget foar ferbettering fan de fiskstân. De moerasgebieten soargje foar in oantreklik libbensgebiet foar fûgels lykas de wytstirns, fiskearn en reiddomp. Chris Bakker, direkteur fan It Fryske Gea: “Foar my is De Mokkebank in plak dêr’tst sjochst wat der bart as wetter, wyn en minsken wer gearwurkje. It is in prachtich, libben lânskip. En dat besikers aanst út De Mok wei sjen kinne hoe’t dat moeras fol libben komt - dat is wêr’t wy it foar dogge.”
Fryske Iselmarkust Fersterkje
Natuergebiet de Mokkebank is ien fan de grutste dielprojekten fan Versterken Friese IJsselmeerkust. Nei in eardere oplevering fan de swimtrep by Laaksum en it opknappen fan de Makkumer Noardwaard en de Plattedyk by De Lemmer is dit ien fan de folgjende projekten dat klear is. Hjirnei folgje noch de oplevering fan de Warkumerwaard en Stoenckherne. By Warkum binne trije projekten tûk kombinearre. Sa komt der in strekdaam, wurdt it strân by It Soal oanpakt en it wetter útdjippe en de Warkumer bûtenwaard oanlein.
Gearwurkingspartners
Versterken Friese IJsselmeerkust is in gearwurkingsprojekt tusken it Ryk en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. Dy organisaasjes sette harren yn foar eroazjemaatregels en it fergrutsjen fan de ekologyske wetterkwaliteit. It projekt by de Mokkebank is ek ta stân kommen mei tank oan Vogelbescherming Nederland en de Nationale Postcode Loterij.