De ôfrûne tiid is hurd wurke oan de provinsjale dyk de N361, Sintrale As. It ferwiderjen fan de stielslakken is ôfrûne. Wy moatte no noch de dyk opnij asfaltearje en de definitive belijning oanbringe. Dit dogge wy fan de súdlike rotonde ôf oant de noardlike rotonde, ynklusyf de Schreiersbrêge. By dit asfaltearringswurk helje wy ek de tydlike rotonde fuort.

Wy begjinne moandei 29 april mei it asfaltearjen. Nei ferwachting binne wy woansdei 8 maaie klear. It ferkear liede we dizze perioade om. Sjoch hjirûnder wêr 't wy it ferkear omliede.

Bovenaanzicht van de stremming in stippellijn en de omleiding in een ononderbroken lijn aangegeven.

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden ride de bussen in alternative rûte. Sjoch hjirfoar op de webside fan Arriva. 

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen? Nim dan kontakt op fia provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed op kantoaroeren.