Earder ynformearren wy jo oer de plannen foar de N359 Boalsert – Warkum. De ûndersiken binne ûnderwilens klear en wy hawwe ferskate opsjes foar de ynrjochtingsmooglikheden, fan benammen de paralleldyk, tsjin inoar ôfwoegen. Hjirmei komt it planproses ta in ein.

Ynrjochting N359 Boalsert - Warkum

Underhâldswurksumheden en fytsstrjitte

Wy kombinearje grut ûnderhâld mei it ferbreedzjen fan de dyk tusken Tsjerkwert en Boalsert-Súd. De dyk krijt kwa breedte en belijning de útstrieling dy 't past by in autodyk (100 kilometer yn 'e oere ). Op it stik dêr 't de maksimale snelheid 70 kilometer yn 'e oere is passe wy de belijning en de breedte fan de dyk oan, sadat minsken de dyk oars belibje. De parallelwei bouwe wy om ta fytsstrjitte. Automobilisten binne hjir te gast.

Een wegwerker in oranje werkkleding staat op de voorgrond en op de weg zijn ze druk bezig met machinerie

Ovonde Tsjerkwert

By krúspunt Tsjerkwert lizze wy in ovonde oan. Dat is in winsk fan weibrûkers en omwenners. De ovonde befoarderet in legere snelheid en ferkear kin feilich de haadrydbaan opride. It ferkear fan en nei Eemswoude rydt fia de paralleldyk en krúspunt Tsjerkwert.

Rotonde A7

een weg die uitkomt op een T-splitsing met bordbewijzering

Oan de kant fan Boalsert bliuwt de paralleldyk tagonklik fia de oerstek by de op- en ôfrit fan de A7, rjochting it bedriuweterrein De Marne. Earder ûndersochten wy de mooglikheid om de besteande rotonde om te bouwen en in ' fiifde poat ' oan te lizzen foar ferkear fan en nei Eemswoude. Rykswettersteat seach dat net sitten, of it moat wêze dat der wurdt in fytstunnel foar stadich ferkear oanlein wurdt. De kar foar in fytstunnel rekket meardere oerheden en past net binnen it projekt N359 Bolsward - Warkum. Dêrneist spilet op dit stuit de diskusje oer it wol of net oanlizzen fan in akwadukt. We wolle neat oanlizze wat we miskien oer in pear jier wer fuort helje moatte. Dêrom fiere wy de plannen fasearre út en sjogge wy nei wat binnen it projekt mooglik is. Ofhinklik fan de plannen foar it akwadukt kinne wy de rotonde yn de takomst noch oanslute op ien fan de wizen dy 't wy hjirfoar beskreaun hawwe.

Op deze kaart worden verschillende punten op de N359 uitgelicht in aparte kaders. Hier staat in wat er precies op dat punt gebeurt.

Ferfolch

De provinsje en de gemeente riede it plan dat der no leit fierder ta. Der is dúdlikens oer de ynvestearring, de beskikberens fan de middels en wa 't wat betellet. De provinsje is ferantwurdlik foar de haadrydbaan fan 'e dyk. De gemeente giet oer de paralleldyk. Wy sille de kommende tiid yn petear mei netbehearders, meitsje it ûntwerp maatfêst, fiere oanfoljend ûndersyk út en stelle kontraktstikken op. Foar it ôfsluten fan de oansluting fan Eemswoude op de haadrydbaan moatte wy in saneamde 'wegenwetprocedure' trochrinne. Yn dizze proseduere kinne boargers reagearje op it foarstel. As alles neffens planning ferrint dan kinne we yn de twadde helte fan 2023 úteinsette mei de útfiering fan de wurksumheden.

Op 'e hichte bliuwe?

Wolle jo op de hichte bliuwe fan de wurksumheden oan de N359 Boalsert - Warkum? Meld jo dan fia de knop oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo graach op 'e hichte bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteande telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Oanmelde nijsbrief

Kontakt

Hawwe jo fragen of opmerkingen oer dit projekt? Dan kinne jo kontakt opnimme mei it klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of troch te beljen nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed ûnder kantoaroeren.