N357 Stiens-Holwert
Rydt jo wolris fan Stiens nei Holwert of oarsom? Dan ride jo oer de provinsjale dyk, de N 357. Dizze dyk is de ôfrûne jierren al in stik feiliger wurden. Dochs sjogge wy dat der oare problemen ûntstean. Der ride mear auto's en dizze ride faak hurder. Dêrneist binne der folle mear fytsers kaam, benammen troch de opkomst fan de elektryske fyts. Hjirtroch wurde guon fytsoerstekken drokker en minder feilich. De provinsje Fryslân nimt dêrom nije maatregels om de dyk feilich én goed berikber te hâlden.
Wêrom is yngripen nedich?
De N357 is in wichtige dyk foar minsken dy't yn Noard-Fryslân wenje en foar ferkear fan en nei de fearboat nei It Amelân. De dyk is ea ferbettere om him feiliger te meitsjen. Dat wurke goed, mar troch nije ûntwikkelingen feroaret de situaasje:
- Der ride tsjintwurdich mear auto's op 'e dyk.
- In soad automobilisten ride hurder as foarhinne.
- It tal rekreative fytsers is bot groeid. E-bikes soargje derfoar dat minsken langere ôfstannen fytse en faker nije rûten kieze. Dêrtroch wurdt der faker oerstutsen by de N 357.
Op drokke mominten komme dizze ferkearsstreamen byinoar. Dat liedt ta mear risiko's.
Wat sil de provinsje dwaan?
De provinsje pakt de knyppunten stap foar stap oan. Earst komme der maatregels dy't gau útfierd wurde kinne. Op langere termyn wurdt besjoen oft gruttere oanpassings nedich binne.
Stap 1: Gau tapasse fan attinsjemaatregels
Op guon oerstekken wurdt it foar automobilisten en fytsers dúdliker dat sy inoar tichterby komme. Se wurde earder attindearre op de oerstek. Dit dogge wy bygelyks troch:
- ekstra markearringen en dúdlike bebuording
- it ferbetterjen fan it sicht fan de auto op de fytser, en oarsom
Op fjouwer wichtige oerstekke wurdt fan 2027 ôf ek in maksimale snelheid fan 60 km / oere ynsteld. Dêr komme ek ekstra snelheidsremjende maatregels, lykas drompels foar de oerstek.
Stap 2: Letter mooglik gruttere oanpassingen
Nei in pear jier besjogge wy oft dizze maatregels genôch helpe. As dat net sa is, kinne gruttere yngrepen nedich wêze, lykas in fytstunnel of in ekstra rotonde. Dat is yngewikkelder en djoerder en wurdt soarchfâldich ôfwoegen mei oare projekten yn de provinsje. Ek moat de berikberens fan de noardlike regio mei de auto en iepenbier ferfier net tefolle efterút gean.
Wêr begjinne wy?
Yn 2026 starte wy mei maatregels by de fjouwer meast risikofolle oerstekken tusken Stiens en Hallum. Dêrnei folgje yn 2027 en 2028 ek op oare drokke lokaasjes noch attinsjemaatregels, ûnder oare by Marrum en Ferwert.
Tegearre mei de gemeente Ljouwert wurdt boppedat de besteande paralleldyk tusken Stiens en Ljouwert ynrjochte as fytsstrjitte. Hjirtroch wurde oerstekplakken foar fytsers feiliger.
Hoe geane we fierder?
De effekten fan de nije maatregels wurde goed folge. Om 2030 hinne besjogge wy oft de oanpak foldwaande wurket. Sa net, dan wurde swierdere maatregels oerwage.
Dêrneist wol de provinsje nau gearwurkje mei plysje, skoallen, doarpen en ferkearsorganisaasjes. Foarljochting, edukaasje en hanthavening helpe om it gedrach fan weibrûkers te ferbetterjen. Sa hâlde wy de N 357 tegearre feilich.
Fragen?
Hawwe jo noch fragen? Dan kinne jo kontakt opnimme mei de provinsje Fryslân fia 058 - 292 59 25 fan moandei o/m freed op kantoaroeren. Jo kinne ek jo fragen maile nei provincie@fryslan.frl.