Oannimmer BAM Infra sil foar de provinsje oan de slach mei de provinsjale dyk de N 356. Om dizze dyk tusken Holwert en Dokkum net yn ien kear hielendal ôf te sluten, ferdiele we it wurk yn fazen. Per faze wurkje wy oan in oar part fan 'e wei. Elke faze hat dan ek in eigen omliedingsrûte.

Faze 1 (rotonde oant de T-oansluting N356/N358 en fan de T-oansluting N356/N358 oant de Pier Holwert )

Dizze faze fiere wy út yn wike 22. Dat is fan moandei 27 maaie o/m freed 31 maaie. Wy wurkje dizze faze fiif nachten fan 21.00 oere oant 06.00 oere. Dan is it part tusken de rotonde N357/N356 oant de T-oansluting N356/N358 en fan de T-oansluting N356/N358 oant de Pier Holwert folslein ôfsletten foar al it ferkear. It ferkear liede we dan om.

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Fase 2 (rotonde oant de kom fan Holwert) 

It twadde part fan it wurk starte wy op moandei 3 juny. Dat is wike 23 en duorret oant en mei freed 7 juny. De dyk is mei dizze wurksumheden dei en nacht folslein ôfsletten foar it ferkear.

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Faze 3 o/m 6 (Holwert oant Dokkum) 

De lêste fjouwer fazen fan it wurk fiere wy út tusken 07.00 oere en 17.00 oere. Yn de nacht is de wei iepen foar ferkear. Der jildt dan in snelheidsbeheining, it ferkear hoecht dan net om te riden. Hjirûnder stiet hokker part fan wannear’t oant wannear ôfsletten is: 

Wike 24, moandei 10 juny o/m snein 16 juny wurkje wy oan de tredde faze. Dan wurkje we fan de kom Holwert oant en mei Brantgum.

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Wike 25, moandei 17 juny o/m snein 23 juny wurkje wy oan de fjirde faze. Dan wurkje we fan Brantgum oant healwei Foudgum.

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Wike 26, moandei 24 juny o/m 30 juny wurkje wy oan de fiifde faze. Dan wurkje we fan healwei Foudgum oant ôfslach Raard.

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Wike 27, moandei 1 july o/m freed 5 july wurkje wy oan de sechsde en lêste faze. Dan wurkje we fan de ôfslach Raard oant Dokkum. 

Omleidingskaart waarop de stippellijn de afsluiting aangeeft en de doorlopende lijn de omleiding aangeeft.

Iepenbier ferfier

Under de wurksumheden ride ek de bussen soms in alternative rûte. Foar ynformaasje oer it iepenbier ferfier, sjoch op de webside van Arriva(eksterne keppeling)

Mear ynformaasje? 

Hawwe jo noch fragen oer it wurk? Dan kinne jo kontakt opnimme fia provincie@fryslan.frl of belje mei 059 - 292 59 25 fan moandei o/m freed tusken 9.00 en 17.00 oere. Wolle jo witte wêr't wy noch mear oan 'e wei wurkje? Sjoch dan op Underhâldswurk | Fryslan.