Sûnt 2016 wurket de provinsje oan it ferbetterjen fan de N354 tusken Ljouwert en Snits. Wy wolle de dyk feiliger meitsje, mar ek rekken hâlde mei de trochstreaming fan it ferkear en de leefberens. Wy troffen de ôfrûne jierren al ferskate maatregels. We fierden grut ûnderhâld út en joegen Dearsum en Tsienzerbuorren in mear doarpske útstrieling.

We binne úteinset mei de tariedende wurksumheden foar de oanlis fan twa ovondes by de ôfslach nei Raerd en nei Easterwierrum.

Een bovenaanzicht van hoe het er uit komt te zien bij Raerd.
Een bovenaanzicht van hoe het er uit komt te zien bij Easterwierrum

Stân fan saken

Wy hawwe de grûn dy't nedich is foar de oanlis fan de ovondes yn besit en alle ûndersiken binne klear. No binne wy dwaande mei de tarieding foar de oanlis fan de ovondes. Wy hawwe sleatten ferlein en kabels en liedingen ferpleatst, sadat se net yn it paad lizze by it oanlizzen fan de ovondes. Op ferskate plakken hawwe we tydlik in ekstra laach sân fan ien meter heech oanbrocht. It sân bliuwt in pear moannen lizzen en soarget derfoar dat de ûndergrûn op in letter momint net tefolle fersakket.

Een weg waar een auto op rijdt met berm  en een boerderij op de achtergrond

Planning

De ekstra laach sân dy’t wy in oantal moannen lyn oanbrocht hawwe moat langer lizzen bliuwe as wy earst tochten. De grûn derûnder moat noch wat fierder ynklinke sadat it op in letter momint net mear tefolle fersakje kin.

It liket derop dat de grûn begjin 2024 foldwaande ynklonken is. Sa gau’t wy sjogge dat dat sa is kinne wy ek begjinne mei it oanlizzen fan de rotondes.

Nijsbrief digitaal

Dit is de lêste papieren nijsbrief oer de wurksumheden oan de N354. Fanwegen duorsumensoerwagingen en it flot fersprieden fan aktueel nijs geane wy oer op in digitale ferzje fan de nijsbrief. Wolle jo op 'e hichte bliuwe? Meld jo HJIR oan foar de digitale nijsbrief. Hawwe jo gjin e-mailadres en wolle jo de nijsbrief graach ûntfangen bliuwe? Nim dan kontakt op mei it klantkontaktsintrum fia ûndersteand telefoannûmer om in nijsbrief op papier oan te freegjen.

Fragen?

Hawwe jo fragen? Nim dan kontakt op mei ús klantkontaktsintrum fia provincie@fryslan.frl of belje nei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.