Meldingen Wet Boaiembeskerming
De provinsje hat in formulier fêststeld om meldingen en oanfragen te dwaan om in beslút makliker beoardielje te kinnen. Der is ek in formulier fêststeld foar it melden fan ’e start fan in sanearring.
Oanfreegjen en melden Wet Boaiembeskerming
Jo brûke it ferstjoerformulier Wet Boaiembeskerming om te melden dat jo de grûn sanearje wolle en/of foar it oanfreegjen fan in beslút oer:
- hoe slim oft de fersmoarging is en oft dy gau oanpakt wurde moat;
- it ynstimmen mei it sanearringsplan;
- it ynstimmen mei in evaluaasjeferslach; of
- it ynstimmen mei in neisoarchplan.
Jo kinne jo melding digitaal yntsjinje by de provinsje Fryslân mei ûndersteande link:
Fryslân - Melding Wet boaiembeskerming
Begjin fan sanearring melde
Op syn lêst twa wiken foardat jo begjinne mei it sanearjen, moatte jo de grûnsanearring of de grûnwettersanearring by Deputearre Steaten melde. Dêrfoar brûke jo it Meldingsformulier Uitvoering Bodemsanering.
Jo kinne jo melding digitaal yntsjinje by de provinsje Fryslân mei ûndersteande link:
Fryslân - Startmelding útfiering boaiemsanearring
Melde Beslút unifoarme sanearringen
Foar ienfâldige en lyksoartige sanearringen dy’t yn in koart skoftsje tiid har beslach krije, jildt in ienfâldiger proseduere. Dy is regele yn it Bus (Besluit uniforme saneringen). Jo kinne in standertformulier brûke om in melding te dwaan. Fiif wiken (yn guon gefallen fiif dagen) nei it melden kinne jo begjinne mei it sanearjen.
Jo kinne jo melding digitaal yntsjinje by de provinsje Fryslân mei de ûndersteande link:
Boaiemfersmoarging melde BUS-melding
Kontakt
Foar mear ynformaasje en/of fragen kinne jo terjochte by it klantkontaktsintrum fan ’e provinsje Fryslân of by de Fryske Utfieringstsjinst Miljeu en Omjouwing (FUMO).(eksterne keppeling)