Mei dy noch sterker – Kom yn de kunde mei: Douwe Boersma

Sûnt july 2022 is Douwe Boersma ús Parsewurdfierder. Hy is ít oansprekpunt foar sjoernalisten út namme fan de provinsje Fryslân. Mei syn ‘mienskipsantenne’ en oanpakkersmentaliteit is er by de provinsje in echte koerssetter en realisator. 

Mei syn romme ûnderfining as sjoernalist by Omrop Fryslân, dêr't er mear as 20 jier wurke, wit er presys hoe't de mediawrâld yninoar sit. En dat komt fansels goed fan pas yn syn funksje: 'De measte Fryske sjoernalisten kenne my wol en dat makket dat wy yn’e regel aardich rap skeakelje kinne, somtiden fia in pear appkes'.

Alle dagen is oars 

Douwe makket diel út fan team Kommunikaasje wêrby't sa'n 30 kollega's wurksum binne yn ferskate funksjes lykas kommunikaasjemeiwurkers, (senior)kommunikaasjeadviseurs, webredaksje, in social mediaspesjalist en meardere foarmjouwers. Om't Douwe altyd mei aktualiteiten te krijen hat, is alle dagen oars en wit er foarôf net wat de wurkdei bringe sil. Fansels hat er wol in fêste wurkwize foar dizze deistige dynamyk: 'Ik behear alle dagen de parsetillefoan en parsemail. Eltse dei is oars troch it ferskaat fan ûnderwerpen fan de parsefragen: it giet fan stikstof oant in stikkene brêge en fan de wolf oant it Frysk. Troch de syktocht nei antwurden, dy’t ik tegearre oppak mei myn kommunikaasje- en ynhâldike fakkollega’s, lear ik sels alle dagen by. Dát past my as in jas om’t ik nijsgjirrich en leargjirrich bin. Dêrnjonken regelje ik ynterviews mei ús deputearren, ferstjoer ik parseberjochten en parseútnûgings. Ek organisearje ik it wyklikse parsepetear fan Deputearre Steaten. Hjir ljochtsje Deputearre Steaten in oantal besluten ta dy’t moarns nommen binne. Elkenien kin dit streekrjocht sjen of op in letter momint wersomjen: www.fryslan.frl/persgesprek'

Meast bysûndere momint 

Yn 2023 brochten Kening Willem-Alexander en Keninginne Máxima in streekbesite oan de Waadeilannen. Douwe mocht meihelpe by de tariedingen en de parsebegelieding. 'Dat fûn ik hiel bysûnder om te dwaan. Doe’t ik sels noch sjoernalist wie haw ik meardere kearen ferslach dien fan in Keninklike besite. No makke ik it fanút in oar perspektyf mei en wie ik ek al belutsen by it hiele trajekt dêrfoar. Hiel aardich om ris mei te meitsjen!'

Brûk it Frysk! 

Douwe skeakelet kontinu mei minsken, sawol yn - as ekstern. Der is in soad kontakt mei Fryske sjoernalisten, mar ek regele mei de media bûten Fryslân. Mar wa't der ek bellet, Douwe nimt áltyd yn it Frysk syn wurktelefoan op: 'Meartaligens fyn ik in grutte rykdom. Ik bin dan ek in grut foarstanner fan Frysk en Nederlânsk linich trochinoar te brûken wêr’t dat kin. En dat is op mear plakken as wy tinke, besykje it mar ris! Troch altyd yn it Frysk in tillefoanpetear te begjinnen, makket dat der fuort écht kontakt is mei de beller. Praat dus mar (wat mear) Frysk!'