Mei de moaie nije swimtrep komme wy feiliger it wetter yn en út
Tryntsje, Maaike, Jeltsje en Toos binne swimfreondinnen. Meardere kearen yn de wike nimme sy in ferfrissende dûk yn de Iselmar by Laaksum. It projekt Versterken Friese IJsselmeerkust joech studinten fan it Bogerman College út Snits de opdracht om in nije swimtrep foar yn it wetter by Laaksum te ûntwerpen. In plak dêr't Tryntsje, har swimfreondinnen en in hiel soad oare swimmers sûnt april 2024 gebrûk fan meitsje kinne. “Swimme foardat de trep der wie, wie noch wolris wat gefaarlik.”
Tryntsje (71) wennet yn Laaksum. Freondinnen Maaike, Jeltsje en Toos binne fan ûngefear deselde leeftiid en komme út Balk, Nijemardum en Bakhuzen wei nei Laaksum ta om tegearre te swimmen. “Simmer en winter, yn waar en wyn!”, stelt Tryntsje.
Feiliger
“Wy komme hjir sels mei ús ploechje sa’n twa of trije kear yn ‘e wike. We sprekke yn ús Signal-appgroepke ôf wannear. Simmers binne wy mei krekt wat mear minsken en winters mei ús fjouweren.”
Tryntsje fynt benammen de wize wêrop't de froulju no it wetter yn geane folle feiliger wurden sûnt de komst fan de nije swimtrep. “Wy swommen hjir ek al foardat dizze moaie trep der wie. Dat wie doe wolris wat gefaarlik, want dy basaltblokken binne - foaral wintersk - wat glysterich. Dat dêr stroffelje wy wolris wat oer. Mei dizze moaie nije swimtrep komme wy feiliger it wetter yn en út.”
‘Ik ried it elkenien oan’
Neist de fysike foardielen, is mei-inoar swimme yn iepen wetter fansels ek foaral hiel gesellich. “It is yndied foaral in sosjaal barren en dêrneist hâlde wy inoar goed yn ‘e gaten fansels. Jo moatte eins net allinnich te swimmen gean yn dat kâlde wetter, ek al kinne wy hjir goed stean.”
“It is mar inkeld dat wy oerslaan. Soms as it te hurd waait út'e ferkearde rjochting. As it Súdwester wyn is, stiet der hjir rjocht op'e kant. Dan binne de weagen te heech en te krêftich en is it gefaarlik. Dan is it net oars en pakke wy it in oare dei wer op. It is hearlik, ik ried it elkenien oan.”

Fersterkje Fryske Iselmarkust
Fersterkje Fryske Iselmarkust is in gearwurkingsprojekt tusken it Ryk en de regio. Regionaal giet it om in gearwurking tusken provinsje Fryslân, gemeente Súdwest-Fryslân, gemeente De Fryske Marren en It Fryske Gea. Dizze organisaasjes sette harren yn foar eroazjemaatregels en it fergrutsjen fan de ekologyske wetterkwaliteit.