Mear romte foar greidefûgels lâns de Fluezen
De wâlskanten lâns de Fluezen, oan de westkant fan It Heidenskip, binne opnij ynrjochte. Tichtgroeide wetterpartijen binne iepenmakke, strûken binne fuorthelle en de wâlskanten binne oanpast. Dêrmei wurdt it gebiet oantrekliker foar greidefûgels en wetterfûgels. De wurksumheden meitsje diel út fan it Europeeske natuerprojekt LIFE IP GrassBirdHabitats.
Lâns de Fluezen binne yn 2012 en 2013 natuerfreonlike wâlskanten oanlein om de libbensomstannichheden foar planten en bisten yn it wetter te ferbetterjen. Mei stiennen dammen foar de kust ûntstiene rêstige plakken mei ûndjip wetter. Mar nei in pear jier groeiden dy plakken ticht mei reid en wylgestrûken. Dêrtroch ferdwûn in part fan it iepen wetter en groeide it lânskip hieltyd fierder ticht. Foar greidefûgels is in iepen lânskip krekt wichtich. Hege begroeiïng biedt rôfbisten skûlplakken en makket it gebiet minder geskikt foar fûgels lykas de skries en de ljip.
Nije kânsen foar greidefûgels
Om it gebiet wer oantrekliker te meitsjen, binne de tichtgroeide wetterpartijen iepenmakke en de stiennen dammen opskjinne. Ek binne de wâlskanten oanpast, sadat it lân stadich oergiet yn it wetter. Dêrtroch ûntsteane ûndjippe wiete plakken dêr't greidefûgels fretten fine kinne. Ek trekfûgels dy't ûnderweis in tuskenstop meitsje, kinne dêrfan profitearje.
By de ynrjochting is ek neitocht oer it ûnderhâld. Mei grûn dy't by de wurksumheden frijkaam, binne stroken oanlein dy't mei masines meand wurde kinne. It doel is dêr krûderyk gerslân ûntstean te litten. Troch de begroeiïng geregeld te meanen en de wetterpartijen skjin te hâlden, wolle wy tefoaren komme dat it gebiet op 'e nij tichtgroeit. Mei de nije ynrjochting binne de omstannichheden foar greidefûgels ferbettere. Oft dêrtroch ek mear greidefûgels yn it gebiet briede sille, moat de kommende jierren bliken dwaan.

Underdiel fan Europeesk projekt
De werynrjochting is ûnderdiel fan LIFE IP GrassBirdHabitats, in ynternasjonaal projekt dat meifinansierd wurdt troch de Europeeske Uny. Yn dat projekt wurkje organisaasjes yn Fryslân en de Dútske dielsteat Niedersaksen gear oan bettere libbensgebieten foar greidefûgels, lykas de skries, ljip en wylp. It doel is om greidefûgels bettere kânsen te jaan om suksesfol te brieden en harren libbensgebieten lâns de ynternasjonale rûte te beskermjen.
Mear ynformaasje: www.grassbirdhabitats.eu.