Yn polder Siderius by Earnewâld wurdt 36 bunder natuer realisearre yn 2024. Dat stiet yn de 4e útfieringsmodule Alde Feanen, wêrmei't it kolleezje fan Deputearre Steaten op 23 april ynstimd hat. Yn dizze module wurde maatregels tsjin ferdrûging foarsteld dy't ek ekstra natuerûntwikkeling mooglik meitsje. 

It giet om it gebiet krekt foar de yngong nei Earnewâld, oan de linkerkant fan de Feantersdyk, tusken de Alle om 'e Slachte en de Koaidyk. In noch ûntbrekkende skeakel yn de ferbining fan natuer om Earnewâld hinne. Mei de ynrjochting fan dit gebiet ûntstiet in gehiel mei hegere wetterpeilen, goed foar it behâld fan it fean en de dêrby passende natuer. 

Winterdeis kinne de legere dielen langere tiid ûnder wetter stean. Dêr kin oerstreamingsgerslân ûntstean. Op de hegere plakken, mear lizzend op de flanken fan de sânrêgen, kin mei it ôfgraven fan in part fan de boppegrûn de goede omstannichheden kreëarre wurde foar de ûntwikkeling fan wiet skraallân. De rest fan it terrein wurdt fochtich-drûch krûde - en faunaryk gerslân. 

“Binnen de gebietsûntwikkeling Alde Feanen binne en wurde maatregels útfierd dy't sawol de natuer as de belibbing fan de Alde Feanen fersterkje. It is in natuergebiet wêryn't meardere funksjes gearkomme: wetter, lânbou, natuer en rekreaasje”, sa seit deputearre Matthijs de Vries.

De 4e útfieringsmodule is opsteld troch de gebietskommisje Alde Feanen, yn opdracht fan de provinsje Fryslân. De gebietskommisje wurket yn dizze module gear mei de ûnder oare de provinsje Fryslân, Wetterskip Fryslân, de gemeente Tytsjerksteradiel en It Fryske Gea (as tydlik behearder fan it gebiet ).

Mear ynformaasje oer de gebietsûntwikkeling Alde Feanen is te finen op de webside Alde Feanen | Fryslan