Lit dyn jild net fuortwaaie

It isolearjen fan dyn wenning is om meardere redenen in goed idee. It is goed foar dyn beurs, do helpst it miljeu in sûn hantsje en do setst in minder grut stimpel op dyn wenomjouwing. Faak krigest subsydzjes foar it isolearjen en ferduorsumjen fan dyn hûs. 

Om troch de beammen it subsydzjebosk wat ûntwarje te kinnen, sette de Fryske Enerzjytafel útein yn gearwurking mei 17 Fryske gemeenten en de provinsje Fryslân de regionale kommunikaasjekampanje Laat dyn jild net fuortwaaie, rjochte op it stimulearjen fan isolaasjemaatregels by partikuliere wenningeigeners. 

Bewustwurding fergrutsje 

De kampanje hat himsels in oantal doelen steld. Alderearst is it doel om de bewustwurding oer de foardielen fan isolearjen te fergrutsjen. In oar doel is it posityf beynfloedzjen fan hâlding en gedrach. En de inisjatyfnimmers wolle graach de bekendheid en werkenberens fan de beskikbere isolaasjesubsydzjes fergrutsje. Hjir sjochst yn in eachopslach oftst yn oanmerking komst foar isolaasjesubsydzje. 

De kampanje sette ein febrewaris útein. Belangryk - en fyn! - is, dat it no foar elkenien híel maklik is om te sjen oft en hoefolle subsydzje datsto krije kinst foar it isolearjen fan dyn hûs. Is dat ek wat yn de praktyk blykt? Jan, Ids en Suus fertelle hoe't it harren fergie. 

Frijsteande wenning út 1864 

Jan Hooghiem kocht in frijsteande wenning út 1864 yn Ljussens. Hy beluts de wenning yn novimber en hie al gau troch dat der kwa isolaasje in soad te winnen foel. Jan ferdjippe him yn subsydzjes en fûn benammen lanlike subsydzjes yn de foarm fan in rinteleaze liening. Syn suster wiisde him op de kampanje Laat je geld niet wegwaaien. "Op 'e site fan 'e gemeente kaam ik derachter dat ik hjir foar yn 'e beneaming kaam", fertelt Jan. "De oanfraach ynfolje wie hiel ienfâldich en yn in pear wike hie ik al grien ljocht. ” 

Jan ûntfong 2800 euro subsydzje – it maksimale bedrach dat er krije koe - en stuts sels noch sa’n 600 euro yn it isolearjen fan syn hûs."Foar 2800 euro ha ik bêst in soad isolaasjemateriaal keapje kinnen. It is no net mear tochtich en fochtich en de waarmte bliuwt folle better yn de romte.” 

Notariswente en klûshûs 

Ids de Boer fan Easterein is de grutske eigener fan in notariswenning dy't er oan it ferbouwen is. "Nettsjinsteande dat it in flink klushûs wie, tocht ik fuortendaliks: dit wurdt myn plakje, hjir kin ik fan meitsje wat ik wol." De enerzjyrekken fan sa'n frijsteand hûs is fansels net mals, tocht Ids al gau. “ Dus ik bin begûn mei it meitsjen fan in plan om safolle mooglik oan isolaasje te dwaan. Ik hoopje dat ik troch alle maatregels dy't ik troffen ha en alle putsjes dy't ik aanst dien ha, op in sa heech mooglik enerzjylabel út kom fansels.” 

Jan hie noch gjin ûnderfining mei it oanfreegjen fan subsydzjes, omdat er nea wist oft er derfoar yn oanmerking kaam. "Omdat ik in hiel soad sels dien ha wist ik ek net oft it maklik wie. Achterôf sjoen wie it echt hiel maklik. As ik no op in soere winterdei ynstap, fernim ik dat it echt hel lekker waarm is yn. Echt behaachlik.” 

Nijbouwenning út 1977 

Suus Arends wennet tegearre mei har man Meindert al 48 jier yn Easterwâlde. Yn itselde hûs, dat doedestiids as nijbouwente oplevere waard. "Doe hiest noch net sa fan isolaasje heard", fertelt Suus. "Myn man hat sels in isolaasjetekken oanlein doe't wy hjir kamen te wenjen. Mar ja: dy is nei 48 jier fergien.” It pear is yn de tachtich, dus yn earste ynstânsje tochten se: isolearje hoecht fan ús net mear. "Om't wy it mei fjouwer buorlju tegearre dien hawwe, ha wy ‘ja’ sein.” 

De gemeente hat yn dit gefal in 'ontzorgregeling', wat betsjut dat sy alles regelje. Suus en Meindert keazen foar boademisolaasje. Dy koe binnen budzjet útfierd wurde. En binnen trije kertier. "Der kaam in hiele grutte auto en in dikke slang troch de gong en doe wie it sa klear", fertelt Suus. Merkt it pear ferskil? "We sizze hiel faak: ik ha hielendal gjin kâlde fuotten mear", antwurdet Suus. “ Foar ús wie it echt in fluitsje fan in sint. Dus wêrom soest it net dwaan?” 

Sjoch foar alle ynformaasje op https://laatjegeldnietwegwaaien.nl. Want: do litst dyn jild dochs ek net fuortwaaie?