Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis

Mear minsken dy’t Frysk prate, lêze en skriuwe kinne. Dat is it doel fan de subsydzjeregeling Lesoeren Frysk yn it ûnderwiis. Fan 1 april 2026 ôf oant en mei 30 oktober 2026 kinne subsydzje-oanfragen ynlevere wurde. It subsydzjeplafond foar dy iepenstelling is € 200.000,-.

Foar wa is de regeling ornearre?

Skoallen yn it fuortset ûnderwiis en it middelber beropsûnderwiis dy’t lesoeren Frysk oanbiede, kinne in berop dwaan op de regeling. De skoallen moatte yn Fryslân stean.

Frysk yn it fuortset ûnderwiis fan it earste learjier ôf

De provinsje wol it oanbieden fan it fak Frysk fan de earste klasse ôf befoarderje en wol de skoallen helpe om mear learlingen ta te rieden op it eksamen Frysk. Foar lesoeren Frysk fan de earste klas ôf oant en mei de eksamenklasse kinne skoallen yn it fuortset ûnderwiis subsydzje krije. It giet dan bygelyks om lesoeren Frysk op it tmbû, hafû en twû of om Fryske les yn it fuortset spesjaal ûnderwiis.  

Frysk op MBÛ’s en yn it praktykûnderwiis

De provinsje wol it oanbieden fan it Frysk yn it middelber beropsûnderwiis en yn it praktykûnderwiis stypje. Dêrom kinne ek skoallen yn it fuortset ûnderwiis foar it skoaltype praktykûnderwiis subsydzje krije foar alle learjierren, dus fan it earste learjier ôf. Dat jildt ek foar regionale opliedingssintra en agraryske opliedingssintra dy’t it Frysk oanbiede yn it ramt fan in beropsoplieding.

Betingsten

Lês de regeling goed troch foardat jo it oanfraachformulier yntsjinje. De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 4.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân

Oanfraach yntsjinje 

Jo kinne de oanfraach digitaal yntsjinje fia ûndersteande knop.

Oanfraachformulier (folget 1 april 2026)

It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle nedige bylagen ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. 

Wat hawwe jo nedich foar in folsleine oanfraach: 

  1. eHerkenning 2+ (foar stichtingen, ferienings en koöperaasjes);
  2. Ynfolle formulier 'Taheakke omskriuwing' foar VMBO HAVO VWO of MBO;
  3. In machtigingsformulier (allinnich as jo út namme fan in oar in oanfraach dogge);
  4. By machtiging: stikken dêr't út bliken docht wa't it foech hat om te ûndertekenjen (úttreksel Keamer fan Keaphannel en evt statuten).

Hat jo stichting of feriening gjin eHerkenning? Jo kinne ek gebrûk meitsje fan jo eigen DigiD as machtige foar de oanfreegjende organisaasje. De oanfraach stiet dan op namme fan de organisaasje, mei jo as machtige. Dêrby moatte jo in machtigingsformulier en KvK úttreksel (en eventueel statuten) uploade.

Slagget it jo net om it online oanfraachformulier yn te foljen, nim dan kontakt op mei ús Klantekontaktsintrum (sjoch ûndersteand telefoannûmer). Sy sille jo fierder helpe mei it dwaan fan de oanfraach.

Mear ynformaasje

Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of oer de e-mail fia provincie@fryslan.frl