Kompensaasje-oanpak foar feanferwieting is klear foar gebrûk

De Kompensaasje Systematyk Feangreiden (CSV) is klear foar gebrûk. Deputearre Steaten en it Deistich Bestjoer fan Wetterskip Fryslân hawwe op tiisdei 17 novimber in oanskerpe ferzje fêststeld. Dizze is ynkoarten ta te passen yn De Deelen Súd.

Oan de hân fan dizze CSV sille de Fryske oerheden oan de slach mei de oanpak fan boaiemdelgong en CO 2 - útstjit yn it feangreidegebiet. Wichtichste maatregel hjirby is it ferheegjen fan it grûnwetterpeil. Troch dizze ferwieting hawwe boeren skea. Grûn is minder wurdich en opbringsten rinne werom. Mei de CSV-systematyk is út te rekkenjen hoe't dy skea útfalt en hoe't dy te kompensearjen is mei jild en/of grûn. 

Nije 1.1-ferzje

De earste ferzje fan de CSV waard presintearre yn 2024 en is úteinlik yn july 2026 goedkard troch de Europeeske Kommisje. It stik is neitiid nochris yngeand trochnommen en op in pear punten aktualisearre. Dizze nije 1.1 - ferzje is no bekrêftige troch provinsje en wetterskip. 

‘Beteelbere oerflakte’

Yn de oarspronklike CSV wiene skeaberekkeningen keppele oan kadastrale perselen. Foar in goede útkomst soe lykwols útgien wurde moatte fan allinnich de ‘beteelbere oerflakte’, om oerkompensaasje foar te kommen. Dit is no oanpast. De tekst is dêrneist neier útwurke foar wat de oanpak fan de lânynrjochting / werferkaveling oanbelanget dy't nedich is foar grûnkompensaasje, sadat dy oanslút by de Omjouwingswet. 

ADD-Súd

It is de bedoeling dat de CSV ynkoarten foar it earst yn de praktyk tapast wurdt yn it gebiet 'De Deelen Zuid'. Hjir is yn 2024 al proefdraaid mei dizze oanpak. De tariedingen binne yn folle gong. Ferwachting is dat der oan de hân fan de CSV yn de maitiid in konkreet foarstel foar neidielkompensaasje oan de boeren yn dit gebiet foarlein wurdt. Der is in gearwurkingsoerienkomst tusken provinsje en Wetterskip yn de maak. Wetterskip Fryslân past it wettersysteem oan. 

Lês de stikken 

De CSV-stikken binne nei te lêzen op de webside fan Feangreide Fryslân, dêr't ynkoarten ek in kompakte publyksferzje te finen is: Compensatie Systematiek Veenweiden (CSV) | Feangreide Fryslân | Veenweide