Fia dit boaiemloket is in Bodemloket(eksterne keppeling) te rieplachtsjen. Dêr wurdt fan alle provinsjes en gemeenten de beskikbere ynformaasje oer (mooglike) boaiemfersmoarging yn presintearre en ek ferwiisd nei de eigen webside fan ’e oanbelangjende organisaasje.

Op dizze kaart is ynformaasje – foar safier beskikber – te finen oer (mooglike) boaiemfersmoarging ûnder jo hûs of bedriuw of yn lân dat fan jo is. Jo kinne in spesifike lokaasje opsykje troch in postkoade, in wenplak of in strjitte yn te typen, of troch yn te zoomen fia de kaart. Fan alle lokaasjes dy’t op ’e kaart oanjûn binne, wurdt de kearnynformaasje oanjûn. As de kaart net goed funksjonearret, kinne jo dat trochjaan fia it formulier.(eksterne keppeling)

Gemeente Ljouwert

De ynventarisaasje is troch de gemeente Ljouwert útfierd foar it eigen grûngebiet. Foar it boaiemloket hâldt soks yn, dat gjin ynformaasje te finen is oer lokaasjes yn ’e gemeente Ljouwert, útsein yn gefallen fan wetterboaiemsanearring dêr’t de provinsje noch altyd befoege gesach Wbb foar is. Foar ynformaasje oer lokaasjes yn ’e gemeente Ljouwert kinne jo streekrjocht mei de gemeente Ljouwert kontakt opnimme.

Mear ynformaasje oer spesifike lokaasjes

Advisearre wurdt om foar mear ynformaasje streekrjocht kontakt op te nimmen mei de gemeente dêr’t de spesifike lokaasje yn leit, of mei de provinsje. Dan kinne de mooglike konsekwinsjes taljochte wurde as it om oan- of ferkeap, oanfragen foar in bou- en/of miljeufergunning of it wizigjen fan ’e  gebrûksbestimming fan it oanbelangjende stik lân te rêden is.

Fansels is elk frij om sels de foarstap te nimmen om in histoarysk ûndersyk en/of boaiemûndersyk út te fieren of útfiere te litten. Om in boaiemûndersyk brûke te kinnen by it oanfreegjen fan in beskikking of in BUS-melding, is it needsaaklik dat it ûndersyksburo de krekte sertifikaten hat.

As behearders fan ’e ynformaasje oer fertochte en ûndersochte boaiemlokaasjes wurdt it wurdearre, dat jo de útkomsten fan boaiemûndersiken ta it foldwaan fan ’e oanbelangjende gemeente en/of provinsje stelle.

Disklemer

De provinsje Fryslân kin net ynstean noch garant stean foar de beskikberens, folsleinens, aktualiteit of de betrouberens fan ’e ynhâld fan dizze siden. Der kinne gjin rjochten ûntliend wurde oan ’e op dizze webside beskikbere ynformaasje en ’e provinsje Fryslân is yn gjin gefal oanspraaklik foar likefolle watfoar skea dy’t it (yn)direkte gefolch is fan of anneks is mei it brûken fan wat oft op dizze webside oan ynformaasje stiet.