As jo in fraach hawwe oer in farwei, dan sille jo dêrfoar de behearder fan dy farwei oansprekke moatte. Dêrfoar is ûndersteande kaart ûntwikkele, wêrop't dúdlik te sjen is, wa't hokker farwei yn behear hat.

Wannear't jo fragen of opmerkingen hawwe oer:

Foar lytsere farwegen, dy’t net op dizze kaart steane, ferwize wy jo graach foar neiere útlis nei de webside fan It Wetterskip Fryslân(eksterne keppeling).

As jo fragen hawwe oer de BRTN-klassifikaasje fan de Fryske farwegen, mei dêroan ferbûn mear details oer de ôfmjittings, dan kinne jo dêrfoar de kaart mei BRTN-klassifikaasjes rieplachtsje.

Dêrneist kinne jo fia de Fryske wettersport app in hiel soad ynformaasje fine oer de farwegen yn Fryslân, mei brêgen, slûzen, betsjinntiden, rûtes, oanfraach brêgebetsjinning, lisplakken, laadpunten, havens, ensfh. Dizze is te finen yn de google playstore en de appstore wannear't jo sykje op wettersport.