Jou Frysk omdatst joust om it Frysk Provinsje wol mear learkrêften en dosinten mei foech Frysk

Provinsje Fryslân wol (takomstige) learkrêften en dosinten entûsjast meitsje foar it beheljen fan it foech Frysk. Dêrom is hjoed de kampanje Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk útein set. 

Op grûn fan Taalplan Frysk 2030 en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028 krijt it leargebiet Fryske taal en kultuer de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. De provinsje hat de ambysje dat de wetlike kearndoelen* op alle skoallen yn Fryslân yn it primer ûnderwiis en ûnderbou fan fuortset underwiis yn wurking steld binne. Dêrneist stribbet de provinsje dernei dat it Frysk ek yn de ûnderwiissektoaren dêr omhinne in sterk plak krijt, sadat der in trochgeande learline ûntstiet. Om dat te realisearjen binne der mear learkrêften en dosinten nedich mei it foech om Frysk dosearje te kinnen en meien.

Trije doelgroepen 

De kampanje rjochtet him yn earste ynstânsje op de neikommende trije doelgroepen: 

  1. hafû - en twû-learlingen dy't in learare-oplieding oerwage 

  2. pabû-studinten en begjinnende learkrêften primêr ûnderwiis 

  3. dosinten fuortset ûnderwiis en mbû 

Mei de kampanje wol de provinsje harren stimulearje om it foech Frysk te heljen. Dat kin troch foltiid- en dieltiidopliedingen te folgjen of, as pabû-studint, in semester Frysk te folgjen. De opliedingen wurde oanbean op NHL Stenden Hegeskoalle en Ryksuniversiteit Grins.

Mear as de helte kiest Fryske Taal en Kultuer as eksamenfak 

Dat der fan ‘e kant fan learlingen ynteresse yn Frysk as eksamenfak is, die al bliken op Piter Jelles Ynsicht. Dosint Debbie van Elden folge de oplieding learaar Frysk, wêrnei't de lokaasje de earste skoalle waard dy't it Frysk eineksamen foar tmbû-basis en -kader oanbiede koe. Fan de 105 twaddejiers keazen 62 learlingen Frysk as eksamenfak.

Wurkje mei de Fryske taal 

Opdrachtjouwer foar de kampanje is de provinsje. Neffens deputearre Eke Folkerts is de motivaasje om mei de Fryske taal te wurkjen grut: “Mar minsken witte somtiden net hokker mooglikheden der binne. Mei dizze kampanje meitsje wy de rûte dúdliker, tagonkliker en oantrekliker.”

It kampanjeboadskip is helder: Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk. Kombinearje watst kenst mei watst kinst. Want de taal libbet, as ien him jout. De taal is der, no de leararen noch. Jousto de takomst taal? Jou Frysk! Mear ynfo: www.joufrysk.frl.

* Foar mear ynformaasje oer de wetlike kearndoelen: https://kurrikulum.frl