It Iepen Mienskipsfûns giet wer iepen

Fia it Iepen Mienskipsfûns (IMF) stelt de Provinsje Fryslân fan 2024 oant en mei 2027 mei-inoar € 12 miljoen beskikber foar projekten fan ynwenners yn Fryslân. Yn 2024 levere dat al 138 stipe projekten op. Fan 22 septimber oant en mei 16 oktober 2025 is it wer mooglik om in oanfraach foar it Fûns yn te tsjinjen. 

Foar de twadde iepenstelling yn 2025 is in bedrach fan €1,25 miljoen beskikber steld, ferdield oer fiif regio’s yn Fryslân (Waadeilannen, Noardwest, Noardeast, Súdwest en Súdeast). Dizze iepenstelling hat twa ûnderdielen: 

  • Lytse projekten (maksimaal €10.000,-) 

  • Grutte projekten (maksimaal 50.000,-)

Deputearre Sijbe Knol: “It fûns is wichtich foar Fryslân. It brûst yn Fryslân fan de inisjativen en it is moai dat wy Friezen helpe kinne mei it útfieren fan plannen fan ûnderenop. Ynwenners kinne by it oanfreegjen fan subsydzje en oare saken stipe fan ús meiwurkers krije.”

Oanfragen en beoardielingskritearia IMF Lyts & Grut

Stichtings, ferienings, koöperaasjes en groepen fan fiif persoanen kinne in oanfraach yntsjinje as se in idee hawwe om by te dragen oan de leefberens yn harren eigen omkriten. De yntsjinne projekten wurde beoardiele troch in ûnôfhinklike advyskommisje besteande út ynwenners fan de regio. Hja kieze op basis fan beoardielingskritearia hokker projekten subsydzje krije. De advyskommisje beoardielet dat oan de hân fan de neikommende kritearia: bydrage oan de mienskip, draachflak & gearwurking, takomstbestindichheid, Fryske taal of streektaal.

Oanfragen IMF Lyts & Grut is mooglik fan moandei 22 septimber 2025 09.00 oere oant en mei tongersdei 19 oktober 2025 17.00 oere.

Dêrneist giet yn novimber it fûns foar subsydzje foar it ferduorsumjen fan mienskipsgebouwen foar de lêste kear iepen. De provinsje wol de ferduorsumingsprojekten mei 50% subsydzje helpe. Yn novimber is der ek 90% subsydzje beskikber foar mobiliteitsinisjativen út doarpen mei in maksimaal oan te freegjen bedrach fan €70.000,-.

Sjoch foar mear ynformaasje en ynspirearjende IMF-projekten op Iepen Mienskipsfûns | Fryslan.