Iepenstellingsbeslút SKNL foar maatregels fan it Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer, ûnderdiel Grip op kwaliteit
By dizze regeling wurdt per 1 oktober 2026 it nije subsydzjeportaal brûkt. Fia dat portaal tsjinje jo de subsydzje-oanfraach yn en kinne jo de status besjen. De oare kommunikaasje ferrint ek fia dit portaal, lykas iepensteande taken en it beslút op jo oanfraach.
Tink derom, foar it yntsjinjen fan in subsydzje-oanfraach (en it brûken fan it portaal) hawwe jo it neikommende nedich:
-
eHerkenning mei:
- feilichheidsnivo 2+;
- de tsjinst Subsydzjeportaal
Mear ynformaasje fine jo op Subsydzjes | Fryslan.
De folgjende organisaasjes kinne subsydzje oanfreegje
- It Fryske Gea;
- Natuurmonumenten;
- Unie van Bosgroepen;
- Staatsbosbeheer;
- Natuurcollectief Fryslân.
Subsydzjeplafond
Per organisaasje jildt in subsydzjeplafond dy't hjirûnder neamd wurdt. Dizze plafonds binne opnaam yn it iepenstellingsbeslút. Dêrneist fine jo yn taheakke 1 fan it iepenstellingsbeslút ynformaasje oer foar hokker maatregels subsydzje oanfrege wurde kin.
| It Fryske Gea: | € 1.598.234 |
| Natuurmonumenten: | € 293.131 |
| Unie van Bosgroepen: | € 216.890 |
| Staatsbosbeheer: | € 371.745 |
| Natuurcollectief Fryslân: | € 50.000 |
Hokker maatregels komme yn oanmerking?
Foar de útfiering fan maatregels om de natuerkwaliteit fan natuerterreinen te ferheegjen, kinne sertifisearre natuerbehearders oanfragen yntsjinje op basis fan kêst 8, earste en tredde lid, fan de Subsidieregeling kwaliteitsimpuls natuur en landschap provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving SKNL Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer, ûnderdiel Grip op kwaliteit.
Subsydzje oanfreegje: hoe en wannear doch ik dit?
Jo kinne jo oanfraach digitaal yntsjinje fan 26 novimber 2026 ôf oant en mei 15 febrewaris 2027 fia ûndersteande knop:
Oanfraachformulier SKNL Grip op kwaliteit
Lês de regeling goed troch. It is belangryk om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle bylagen dy't nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis.
Om it oanfraachformulier flot troch te rinnen is it fan belang om foarôf de ferplichte bylagen ta te rieden, soargje derfoar dat alle bylagen ynfolle op jo kompjûter opslein steane foardat jo it oanfraachformulier ynfolje. Mei de link fan it oanfraachformulier sjogge jo hokker bylagen oft jo taheakje moatte by de oanfraach.
Betingsten
De oanfraachkritearia en oare ynformaasje dy't nedich binne, binne te finen yn de subsydzjeregeling. Lês de regeling om te besjen oft jo oan de betingsten foldogge.
Foar de iepenstelling Grip op kwaliteit fan de SKNL jilde de neikommende útgongspunten:
- De iepenstelling is fan 26 novimber 2026 oant en mei 15 febrewaris 2027;
- Yn oanmerking komme maatregels ta ferheging fan natuerkwaliteit fan natuerterreinen op basis fan kêst 8, earste en tredde lid fan de Subsidieregeling kwaliteitsimpuls natuur en landschap provincie Fryslân 2022 | Lokale wet- en regelgeving, ûnderdiel Grip op kwaliteit;
- Foar de oanfragen jildt dat de datum fan ynkommen fan it (folsleine) oanfraachformulier de folchoarder fan yn behanneling nimme bepaalt.
Mear ynformaasje
Foar fragen kinne jo kontakt opnimme mei ús Klantekontaktsintrum fia telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail nei provincie@fryslan.frl.