Iepenstellingsbeslút SKNL foar maatregels fan it Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer, ûnderdiel Grip op Kwaliteit

Foar de útfiering fan maatregels om de natuerkwaliteit fan natuerterreinen te ferheegjen, kinne sertifisearre natuerbehearders oanfragen yntsjinje op basis fan kêst 8, earste en tredde lid, fan de Subsydzjeregeling kwaliteitsympuls natuer en lânskip provinsje Fryslân 2022 | Lokale wet- en regeljouwing SKNL Provinsjaal Utfieringsprogramma Natuer, ûnderdiel Grip op Kwaliteit.

De folgjende organisaasjes kinne subsydzje oanfreegje 

  • It Fryske Gea
  • Staatsbosbeheer

Subsydzjeplafond 

Per organisaasje jildt in subsydzjeplafond. Yn it iepenstellingsbeslút fine jo de plafonds foar elke organisaasje. Dêrneist fine jo yn taheakke 1 ynformaasje oer foar hokker maatregels subsydzje oanfrege wurde kin.

Yntsjiningsterminen

  • fan 10 juny oant en mei 8 augustus 2025

Hoe kinne jo in oanfraach yntsjinje?

Jo kinne in oanfraach yntsjinje troch it ynfoljen fan it oanfraachformulier dat hjirûnder opnommen is. Hjiryn stiet ek hokker ynformaasje en hokker bylagen jo allegear oanleverje moatte. Yn it oanfraachformulier lêze jo hoe't jo dat dwaan kinne en dêr't jo de oanfraach hinne stjoere kinne.