De provinsje Fryslân set yn op de ûntwikkeling en realisaasje fan natuer. It giet hjirby om permaninte omfoarming fan lânbougrûn nei natuer en it ynrjochtsjen fan dizze gebieten binnen it Natuernetwurk Nederlân (NNN). Grûneigeners wurde stimulearre om mei te dwaan oan natuerûntwikkeling. Sy kinne hjirfoar subsydzje oanfreegje op basis fan de Subsydzjeregeling Kwaliteitsympuls Natuer en Lânskip(eksterne keppeling) (SKNL). De hichte fan dizze subsydzje is fariabel en hinget gear mei de ôfwurdearring dy’t plakfynt. De ôfwurdearring wurdt bepaald oan de hân fan it ferskil tusken de taksearde lânbou- en natuerwearde.

De subsydzjeregeling stiet fan 1 maaie 2023 oant en mei 1 augustus 2023 iepen.

Beslút fêststelling SKNL 2022 yn Provinciaal blêd.

Ynformaasje oer de subsydzjeregeling

Dizze regeling is bedoeld foar it omsetten fan lânbougrûn nei natuer binnen it NNN en it fierder ûntwikkeljen en ferheegjen fan de natuerkwaliteit. As jo lânbougrûn bliuwend omsette wolle yn bosk- of natuerterrein, sakket de ekonomyske wearde fan de grûn. Hjirfoar wurde jo kompensearre. De hichte fan de kompensaasje wurdt bepaald troch it ferskil yn de taksearre lânboukundige wearde en de taksearre natuerwearde. It ferskil fan dy twa taksaasjes wurdt fergoede.

Ynrjochting fan perselen

It kin wêze dat jo perselen noch ynrjochte wurde moatte foar de natuer. Ynrjochting kin nedich wêze om it (ambysje) natuerdoel te realisearjen. Tink bygelyks oan it opheegjen fan it wetterpeil. Meidwaan oan de SKNL betsjut ek dat jo gjin beswier hawwe tsjin de ynrjochting. Fansels bart dat yn goed oerlis mei jo. Wy fersykje jo freonlik yn jo realisaasjeplan om dêr rynsk omtinken oan te jaan. De ynrjochtingskosten fan in troch de provinsje goedkard plan wurde folslein betelle troch de provinsje. De ynrjochting komt pas letter, nei passearjen fan de kwalitative ferplichting.

Om hokker grûnen giet it?

Oan de hân fan ferskate beliedsstikken is bepaald op hokker perselen in natueropjefte leit. Grûnslach hjirfoar binne ynternasjonale, Europeeske, lanlike en provinsjale ôfspraken. Yn Fryslân is it NNN yndield yn fjouwer prioriteiten:

  • Prioriteit 1: Kader Richtlijn Water (KRW)
  • Prioriteit 2: Natura 2000
  • Prioriteit 3: Provinciaal Netwurk

Op ûnderstaande kaart kinne jo sjen hokker grûnen yn oanmerking komme.


Klik hjir(eksterne keppeling) foar in gruttere kaart.

Iepenstelling

Foar de iepenstelling fan de SKNL jilde de folgjende útgongspunten:

  • Perselen dy’t oanfûn binne as prioriteit 1, 2, 3, of 4 en yn boppesteande kaart stean oanjûn
  • Perselen dy’t yn oanmerking komme foar dizze iepenstelling moatte op de kadastrale list stean.
  • De iepenstelling stiet pland fan 1 maaie 2023 oant en mei 1 augustus 2023
  • Foar de oanfragen jildt dat de datum fan ynkommen fan it (folsleine) oanfraachformulier de folchoarder fan yn behandeling nimmen bepaalt

Oanfraach yntsjinje

By de downloads fine jo it oanfraachformulier. Yn it oanfraachformulier stiet hokker ynformaasje en hokker bylagen jo allegear oanleverje moatte. Dêr heart ek in realisaasjeplan by. Om jo in byld te jaan fan hoe't sa'n plan derút sjocht, fine jo by de downloads ek in foarbyldplan. De iepenstelling stiet pland fan 1 maaie oant en mei 1 augustus 2023, yn dizze perioade kinne jo de folsleine oanfraach tastjoere. Yn it oanfraachformulier lêze jo hoe't dat kin en wêr't dat hinne stjoerd wurde moat.

Wurkwize

Hjirnei wurdt útlein wat der mei jo SKNL-oanfraach bart nei it yntsjinjen.

  • Jo krije in ûntfangstbefêstiging;
  • De oanfraach wurdt beoardiele op folsleinens; as dy net folslein is wurde jo skriftlik fersocht om de ûntbrekkende gegevens oan te leverjen;
  • Tink derom: op dit stuit wurdt noch net op ynhâld beoardiele, mar wol oft alle ûnderdielen (ek yn it realisaasjeplan) oanwêzich binne;
  • By folsleinens wurdt de oanfraach yn behanneling nommen en ynhâldlik beoardiele. Yn dizze faze kin it wêze dat wy kontakt mei jo opnimme om mear dúdlikheid te krijen oer de ynhâld fan jo oanfraach. Faak sil dat oer it realisaasjeplan gean;
  • As de oanfraach goed befûn is, wurde de perselen taksearre;
  • Wannear’t de taksaasje bekend is, wurdt der in advys opsteld foar it opmeitsjen fan in beskikking;
  • Dêrnei krije jo de beskikking dêr’t ek de hichte fan de ôfwurdearring yn neamd stiet. Tsjin de beskikking en dus ek tsjin de hichte fan de ôfwurdearring kinne jo motivearre beswier oantekenje;
  • Nei ûntfangst fan de beskikking en by gjin beswier moatte jo binnen ien jier de kwalitative ferplichting by de notaris tekenje. Yn in kwalitative ferplichting ferklearret jo dat jo perselen fan lânboubestimming yn natuerbestimming feroare is. De kwalitative ferplichting hat gjin eindatum en wurdt ynskreaun by it kadaster en is iepenbier;
  • Nei de ûndertekening fan de kwalitative ferplichting wurdt de ôfwurdearring yn ien kear oan jo útbetelle.

Belangstelling? Komme jo der net út? Nim dan kontakt op!

De kommende perioade ynventarisearje wy oft der belangstelling is foar dizze regeling. Dêrfoar ferstjoert de provinsje brieven en wurde jo mooglik telefoanysk benadere. Hawwe jo grûn lein binnen ien fan de prioritêre gebieten en hawwe jo belangstelling? Dan ferwize wy jo graach nei ús folder Particulier Natuurbeheer. Dêryn fine jo mear ynformaasje en wurdt taljochte wat de gefolgen binne fan it omsetten fan lânbou nei natuer.

Mochten jo noch mear fragen hawwe oft jo belangstelling trochjaan wolle, dan kinne jo in e-mail stjoere nei SANL@fryslan.frl. Ferwiis dan yn it ûnderwerp nei SKNL2023. Jo kinne ek kontakt opnimme mei it Klantkontaktsintrum fan de provinsje Fryslân fia 058 - 292 59 25. Sy helpe jo graach fierder.