Yn Fryslân binne gebieten oanwiisd dêr’t jo hurd farre meie, de saneamde hurdfargebieten. Dy binne mei giele tonnen oanjûn. Hurd farre mei inkeld en allinne mei in boat dy’t in maksimale wetterferpleatsing fan 1,5 m3 hat.

In flugge motorboat is in lyts skip mei in lingte fan minder as 20 meter. Sa’n boat kin hurder as 20 kilometer yn ‘e oere farre. De minimumâldens foar it bestjoeren fan in flugge motorboat is 18 jier.

Binnen de giele tonnen fan in hurdfargebiet mei tusken sinne-opgong en sinne-ûndergong yn de perioade fan 30 april oant en mei 30 septimber hurd fearn wurde. Yn dy perioade is it ferbean om yn dat gebiet te swimmen.

Op de Iselmar en de Waadsee mei oerdei it hiele jier troch hurd fearn wurde as jo 250 meter of mear út ‘e kust wei binne.

Tink derom: op de Iselmar net yn ‘e soalen mei betonning hurdfarre. Op de Waadsee allinne yn ‘e soalen mei betonning hurdfarre. Tink ek goed om oanfoljende markearrings foar bygelyks ûndjipten, kitesurfgebieten, swimsônes, fûgelbriedgebieten ensfh.

Dêrbûten is hurd farre op it Fryske wetter net tastien en moatte jo jo hâlde oan de dêr jildende regels. Dat jildt ek foar de Burgumer Mar / het Bergumermeer, inkeld yn 2019 wie dêr in tydlike pilot fan krêft.

De Fryske (binnendykse) hurdfargebieten:

  • De Hegemer Mar / Het Heegermeer*
  • De Tsjûkemar / Het Tjeukemeer
  • De Fluezen / De Fluessen
  • De Sleattemer Mar / Het Slotermeer
  • De Snitser Mar / Het Sneekermeer

* Allinne yn dit gebiet mei binnendyks mei jetsky/wetterskûter hurdfearn wurde. Net yn oare gebieten.

Mear ynfo oer hurdfarren bûten de Fryske marren fynst op de oersichtskaart hurdfargebieten fan 'Handle je PK's'. Of sjoch foar mear ynformaasje oer feilich farren op www.varendoejesamen.nl(eksterne keppeling).