Helikoptermjittingen FRESHEM set op 4 augustus útein yn Fryslân
Fan moandei 4 augustus ôf, oant febrewaris 2026, fljocht in helikopter boppe parten fan Grinslân, Drinte en Fryslân om de ûndergrûn yn kaart te bringen. Dat helpt te bepalen wêr't kleilagen lizze dy't it grûnwetter beskermje én dêr't swiet en sâlt grûnwetter sit. De flechten begjinne moandei yn Fryslân. Ut Oerterp wei wurdt der earst flein oer it súdwestelijke gebiet tusken fan Fryslân.
Wat bart der?
Under de helikopter hinget in rûne mjitlus fan sa'n 20 meter trochsneed. Dit ynstrumint stjoert swakke elektromagnetyske sinjalen út, ferlykber mei dy fan in mobile telefoan. Dy sinjalen mjitte de ûndergrûn, wat ynformaasje opsmyt oer de boaiemlagen en it grûnwetter. De mjittingen binne feilich foar minsk, bist en natuer.
Wat fernimme jo hjirfan?
- De helikopter fljocht oerdei op likernôch 80 meter hichte mei in snelheid fan 60 oant 80 kilometer yn de oere.
- Dat kin koart lûdsoerlêst feroarsaakje.
- De piloat hâldt sicht op de omjouwing, fljocht net oer bebouwing en hâldt rekken mei bisten.
Planning
De planning hinget ôf fan it waar en kin op in dei feroarje. De aktuele fleanplanning stiet op www.freshem.nl. Sjoch hjir it webinar oer it projekt FRESHEM-NL werom.