Guozzen
Fryske guozze-oanpak
De guozzepopulaasje yn Fryslân is bot groeid troch beskerming, troch de oanlis fan wiete natuer en troch aaiwytryk gers yn de lânbou. De oare kant dêrfan is fretskea. De provinsje betellet jierliks € 10 miljoen oan fergoedingen.
Ut in evaluaasje yn 2017 die bliken dat de guozzeskea yn trije jier bot tanaam wie. Yn de Fryske Guozze-oanpak 2017-2020 waard bepaald dat Fryslân bot ynsette soe op beheining fan de skea. Deputearre Steaten hawwe dit belied ferlinge oant 2023.
Beskermje
Wylde guozzen binne beskerme. De oanpak bestiet dêrom út beskerming én skeabestriding. It beskermjen bart troch it ynstellen fan foerazjeargebieten en it hanthavenjen fan rêst op guozzesliepplakken. Fryslân telt 21.000 hektare foerazjeargebiet.
Fierder jilde maksima foar it tal guozzen dat alle jierren by it ferjeien ôfsketten wurde mei. Deputearre Steaten stelle dit oantal jierliks fêst. Op dit stuit giet it om 25.000 blesguozzen yn it jier, 100.000 pauguozzen en 25.000 skiere guozzen.
Bestride
Bestriding fan skea bart troch grûnbrûkers en jagers romme mooglikheden te jaan om guozzen - bûten de foerazjeargebieten - te ferjeien. Hjirby mei in part fan de fûgels dus ôfsketten wurde, binnen de mooglikheden fan de Wet Natuurbescherming.
It doel is beheining fan de fretskea mei 5 oant 10 persint yn it jier. Dat doel wurdt noch net helle. Wol stabilisearret it tal guozzen al in pear jier.
Soarten guozzen
De Fryske guozze-oanpak slacht op trije soarten guozzen; de paugoes, de skiere goes en de blesgoes (sjoch ôfbyldingen fan links nei rjochts). It mei opset sin deadzjen en fersteuren fan dizze soarten is wetlik ferbean. De Wet Natuurbescherming biedt de mooglikheid om in frijstelling of ûntheffing te krijen. Dêrtroch is by de ferjaging stypjend ôfskot mooglik.
Soarten guozzen
Nij belied
Op dit stuit wurdt nij guozzebelied makke foar de perioade nei 2023. Utgongspunt is de startnotysje dy 't Provinsjale Steaten yn april 2022 fêststeld hawwe. In wichtige feroaring is dat PS grûnbrûkers, eigeners en jagers mear mooglikheden jouwe om lokaal te bepalen hoe't de guozzeskea bestride wurde kin.
Lokale gearwurking
Op it stuit bûcht in rezjygroep him oer it nije belied. Hjiryn sitte de wichtichste grûnbrûkers, boeren en terreinbehearende organisaasjes. De rezjygroep docht foarstellen foar it nije belied en leit dy foar oan in klankboerdgroep. Dêryn sitte oare belutsen partijen, lykas de jagersferieningen, de bistebeskerming en it BFVW.
Oanpak bliuwende guozzen
Foar de bliuwende guozzen is neffens PS in yntinsivere oanpak nedich. Benammen de populaasje skiere guozzen groeit en feroarsaket hieltyd mear skea oan gewaaksen fan boeren. Dizze goes moat dêrom yntinsiver ferjage wurde. Dêrneist soargje bliuwende guozzen foar mear oerlêst yn de bewenne omjouwing.
De oanpak foar trekguozzen bliuwt foar it grutste part gelyk. Wol wurdt it wurkjen mei foerazjeargebieten fierder optimalisearre. Tink oan werskikkingen binnen foerazjeargebieten en faaks ek ferromming fan ferjeitiden.
Fragen oer de útfiering fan it guozzebelied?
Nim kontakt op mei Faunabeheereenheid Fryslân(eksterne link), dat it faunabehearplan opstelt. Dêryn stiet ûnder mear ynformaasje oer tiidstippen fan bejaging, de middels dy’t ynset wurde en oer previnsjemaatregels (nêsten en aaien prippe).
Meastentiids freget de Faunabeheereenheid ûntheffingen oan. De provinsje behannelet alle oanfragen en ferlient de ûntheffingen, lykas de frijstellingen.
Fragen oer skea, taksaasjes en útbetellingen?
Sjoch op de webside fan BIJ12(eksterne link). Dat is de mienskiplike útfieringsorganisaasje fan de provinsjes.
Fragen oer de resultaten fan it guozzebelied?
De provinsje publisearret alle jierren ein novimber in jierberjocht mei resultaten fan de guozze-oanpak. It giet om sifers oer oantallen guozzen, ôfskot en skea.
Wêr lizze de foerazjeargebieten?
De begrinzing fan de foerazjeargebieten is op 16 oktober 2018 fêststeld troch Deputearre Steaten. Fan dizze begrinzing is in kaart makke. Dizze stiet hjirûnder.
Iepen grutte kaart (mei mear ynformaasje en legenda)(eksterne link)
Dokuminten
Hawwe jo problemen mei de lêsberens? Dan kinne jo in formulier ynfolje of belje mei it Klantkontaktsintrum. Sy helpe jo graach fierder.