It grûnwetter hat in wichtige funksje foar natuer en lânbou. Genôch grûnwetter fan foldwaande kwaliteit is needsaaklik foar de lânbouproduksje en foar it yn stân hâlden fan natuer. Ek foar de drinkwetterfoarsjenning en de yndustry is it fan belang dat der yn de kommende desennia genôch en skjin grûnwetter foarhannen is, sadat Fryslân der ek yn de takomst fan genietsje kin. Omdat der safolle aktiviteiten mei ús grûnwetter gearhingje, is it fan belang te witten hoe’t dat grûnwettersysteem him yn de takomst ûntwikkelje sil. Dêrom is der in strategyske grûnwetterstúdzje útfierd.

Grûnwetteratlas fan Fryslân

De Grûnwetteratlas fan Fryslân is in gearfetting fan trije jier ûndersyk. De grûnwetterstúdzje is yn gearwurking mei drinkwetterbedriuw Vitens en Wetterskip Fryslân útfierd. Noch net earder is der sa’n wiidweidich ûndersyk nei grûnwetter yn Fryslân dien. De atlas jout sicht yn de hjoeddeistige wurking fan it grûnwetter en sketst ferwachtings en ûntwikkelingen foar de takomst fan it fêste lân fan Fryslân. Mei in blik nei de takomst kinne wy ús yn de kommende jierren tariede en yn ‘t foar ynspylje op de ûntwikkelingen dy’t op ús ôfkomme, lykas ferdrûging, it wieter en/of sâlter wurden fan de grûn, feroarings yn grûnwetterstreamen.

Vrouw met bril en lang blond haar met de blauwe kaft van de atlas in handen met op de achtergrond bloemen

Tiisdei 10 septimber 2019 waard it earste eksimplaar presintearre. Troch operasjoneel direkteur Arie Piet en deistich bestjoerslid Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân waard it oan Tineke de Vries fan LTO Noord Akkerbouw en Hans van der Werf van de Friese Milieufederatie en lid fan it Bestjoerlik Oerlis Feangreide oerlange.

Klik hjir om de Grûnwetteratlas fan Fryslân 2020 te lêzen. Jo kinne de atlas fia ûndersteande link bestelle. Wy stjoere jo dy fergees ta.

Bestelle

Wetterhúshâldingsplan

Om de seis jier wurdt it wetterhúshâldingsplan op ‘en nij besjoen en/of oanpast n.o.f. de lêste ûntwikkelingen op it mêd fan wetterbehear yn Fryslân. Foar de perioade 2016-2021 is it fjirde Wetterhúshâldingsplan (WHP4) opsteld. It plan rjochtet him op de beskerming tsjin oerstreamings en wetteroerlêst. Ek rjochtet it plan him op de ynrjochting fan wettersystemen mei genôch en skjin wetter. Net tefolle en net te min wetter is it motto. In goed wetterbehear is essinsjeel foar de lânbou, de rekreaasje, de natuer en de drinkwetterfoarsjenning. Wy stribje nei in goede ferdieling fan wetter tusken lanlik en beboud gebiet (stêden). Dêrneist wurket de provinsje oan in goede kwaliteit fan it grûn- en oerflaktewetter. It wetter kin dus feilich brûkt wurde troch ynwenners en foar ekonomyske aktiviteiten. Goed wetterbehear is in saak fan meardere partijen. Wetterskip Fryslân en oare partijen spylje in wichtige rol yn it útfieren fan de maatregels.

Klik op de knop om de lêste nijsbrief (jannewaris 2019) te besjen!

Nijsbrief Grondwaterstudie Fryslân