Jabikskrúswoartel komt geregeld yn it nijs, ûnder mear fanwege geroften dat de plant deadlik is foar lânboubisten en yn oantal tanimt. Dêrom wol de provinsje Fryslân de ynwenners goed ynformearje: net allinnich oer it belied om de oerlêst te beheinen, mar ek oer de wearde fan de plant foar it bioferskaat. Op 4 april wie de ôftraap mei in foarljochtingsgearkomste mei terrein- en weibehearders.

De jabikskrúswoartel is in wylde lânseigen plant mei giele blommen, dy't bloeit yn bermen en iepen terreinen. De plant is net by elkenien like populêr. Benammen hynste- en kowehâlders hawwe noed oer de gefaren fan de plant foar harren bisten. De oare kant is dat jabikskrúswoartel in wichtige boarne fan nektar en stomoal foar goed 150 ynsektesoarten. Guon soarten kinne sels net oerlibje sûnder de plant. Dêrom is it folslein útroegjen fan de plant skealik foar it bioferskaat. Net allinnich jabikskrúswoartel, mar ek oare planten -en dus bisten- kinne ferdwine.

Oanpak

Om de fyzje op it behear fan jabikskrúswoartel yn Fryslân te bepraten, nûge de provinsje terrein- en dykbehearders út foar in gearkomste op moandei 4 april. De dielnimmers krigen ynformaasje oer wat de oanwêzigens fan jabikskrúswoartel betsjut foar de bistehâlderij, it wei- en terreinbehear en it lânskipsbehear. Der wiene sprekkers út de ferskate sektoaren, fan lânbou oant ynsektebeskerming. Ek waarden der gedachten útwiksele oer in optimaal meanbelied dat de oerlêst beheint en de ekologyske wearde fan de plant beskermet.

Ynformaasje

As ferantwurdlike foar it natuerbelied hat de provinsje yn 2007 in jabikskrúswoartelferoardering yn it libben roppen. Dêryn stiet dat grûneigeners derfoar soargje moatte dat jabikskrúswoartel fuorthelle wurdt as it gefaar bestiet dat de plant yn feefoer bedarret of dat lânboubisten derfan ite kinne. Om ynwenners fan Fryslân te ynformearjen oer de plant is der ynformaasje beskikber op www.fryslan.frl/jakobskruiskruid. Bygelyks oer de fersprieding fan de plant yn de provinsje, oer it foarkommen en ferwiderjen fan jabikskrúswoartel, oer in optimaal meanbelied en oer it belied fan Fryslân om de oerlêst fan jabikskrúswoartel te beheinen.