Gastfrijheid, Rekreaasje en Toerisme

De beliedsbrief Economie 2021 -2030 ' Tûk groeie troch Grins - ynnovaasje en sirkulêre ekonomy as reade tried nei 2030 ' is fêststeld troch Provinsjale Steaten fan Fryslân op 27 novimber 2024. 

Underdiel hjirfan is Gastfrijheid. Wy sette yn op tûke groei yn stee fan ekonomyske groei. Wy sette toerisme net yn as doel, mar as middel foar de ynwenners fan Fryslân sadat gastfrijheid in bydrage leverje kin oan in noflike en sûne leefomjouwing, behâld fan natuer- en kultuererfgoed en takomstbestindige banen foar de beropsbefolking. Op dizze wize kin toerisme in rol spylje by takomstige útdagingen. Utgongspunt foar belied is de folgjende misje: "Fryske ynwenners hawwe profyt fan in tûke groei fan it toerisme yn ús provinsje". 

Ut dy misje wei wurkje wy oan de neikommende 3 ambysjes: 

  1. Rekreaasje & toerisme soargje foar in noflike, sûne wen- en leefomjouwing foar eltse ynkommensgroep.
  2. De kânsen en belangen fan rekreaasje en toerisme wurde meiwoegen en boarge by romtlike ûntwikkelings.
  3. Fia gearwurking mei in breed en sterk (triple helix) netwurk drage wy by oan in fitale, duorsume gastfrijheidssektor, dy ’t takomstbestindige banen yn Fryslân opsmyt. 

Fan blêdside 39 fan de Beliedsbrief ôf lêze jo mear oer it ûnderwerp Gastfrijheid en hoe't wy hjir as Provinsje yn (gear)wurkje. 

Ynspiraasjetools lânrekreaasje en gebrûksfyzje wetterrekreaasje

De ynspiraasjetools lânrekreaasje helpe om rekreaasje en toerisme in goed plak te jaan yn romtlike plannen en gebietsûntwikkelingen. Dêrby wurdt út twa kanten wei sjoen. 

De earste line, de storymap Landrecreatie Tool Toerisme & Recreatie, bringt yn byld hokker rekreatyf oanbod al oanwêzich is en hoe't in nij plan dêrop oanslute kin. Tink bygelyks oan in inisjatyf dat gebrûk makket fan besteande foarsjennings of in oanfolling foarmet op in besteand rekreatyf netwurk. 

De twadde line, de storymap Landrecreatie Tool Gebiedsontwikkeling, sjocht hoe't rekreaasje keppele wurde kin oan oare ûntwikkelingen yn in gebiet. Is der bygelyks genôch rekreaasjeoanbod by in gebietsûntwikkeling, of binne der kânsen om dit te fersterkjen? Ek by opjeften lykas it werstel fan beekdellingen of dykfersterking kin sjoen wurde hoe't dy tagelyk fan betsjutting wêze kinne foar rekreaasje. 

Sa meitsje de ynspiraasjetools sichtber dêr't rekreaasje en toerisme mearwearde biede kinne én hoe't oare gebietsopjeften kânsen biede kinne foar rekreaasje. 

De gebrûksfyzje Waterrecreatie Fryslân is foar plannemakkers op en om it wetter yn Fryslân hinne. Wetter en Fryslân binne ûnskiedber mei-inoar ferbûn. Iuwenlang wie it wetter in wichtige wize om je troch de provinsje te ferpleatsen. Tsjintwurdich spilet it dêrneist in grutte rol yn rekreaasje en toerisme en is it fan grutte ekonomyske en maatskiplike wearde. Net om 'e nocht neame wy it Fryske wetter ús blauwe goud. Wat om grutsk op en sunich op te wêzen, mar ek om ûntwikkeljen te bliuwen foar takomstige generaasjes. Ut dy gedachte wei sjocht de Gebruiksvisie Waterrecreatie Fryslân 2050 nei de takomst fan wetterrekreaasje yn ús provinsje.

Twee personen laten een bootje te water met op de achtergrond een boerderij en een caravan. Op de voorgrond wappert de Friese vlag.