Fytsferljochtingskampanje fan start: set dyn ljocht OAN!

No’t de hjerst begûn is en de dagen koarter wurde, is goede fytsferljochting ekstra wichtich. Dêrom freegje de provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten ek dit jier omtinken foar it brûken fan fytsferljochting. It boadskip is ienfâldich: soargje dat dyn fytsferljochting wurket en set dy oan sa gau’t it tsjuster wurdt of it sicht min is.

Op 26 oktober is de lanlike fytsferljochtingskampanje ‘AAN in het donker’ úteinset. De provinsje Fryslân en de Fryske gemeenten stypje dizze lanlike kampanje fia it Regionaal Orgaan ferkearsfeiligens Fryslân (ROF). De kampanje is benammen op jongeren rjochte. In soad skoalbern en studinten stappe alle dagen op ’e fyts om nei skoalle, harren wurk of freonen te gean. Goede fytsferljochting soarget derfoar dat sy sichtber binne foar oare ferkearsdielnimmers. Mei de kampanje wurde jongeren deroan herinnerd om harren fytsferljochting te kontrolearjen en op ’e tiid oan te setten. Ek yn ’e skimer en by min sicht.

Kampanje op strjitte en online

Yn Ljouwert, It Hearrenfean en Drachten steane kampanjebuorden by drokke fytsrûtes lâns. Dêrnjonken wurde skoalbern en studinten fia Instagram oantrune om harren fytsferljochting te kontrolearjen en oan te setten. Sa komt it boadskip sawol ûnderweis as online ûnder de oandacht. It kampanjeboadskip is ienfâldich: soargje dat dyn fytsferljochting wurket en set dy oan sa gau’t it tsjuster wurdt of it sicht min is.

Goede ferljochting

Fytsljocht oan betsjut konkreet datst in foar- en efterljocht oan hast. Losse fytslampkes binne ek tastien. Dêrnjonken moat in fyts reflektors hawwe oan ’e efterkant, op ’e trapers en op ’e tsjillen of bannen. Kontrolearje dêrom geregeld oft dyn ferljochting wurket en set dyn ljocht oan foardatst fuortgiest.

ROF

It ROF wurket oan it ferbetterjen fan de Fryske ferkearsfeiligens fia kampanjes, aktiviteiten op it mêd fan ferkearsedukaasje en ferkearsfeiligensprojekten. Mear ynformaasje oer it ROF: www.rof.frl.

Poster AAN in het donker!