Genietsje en faar bewust, gun fûgels harren rêst

Fan ‘e hjerst oant de iere maitiid komme jo boeien en ynformaasjebuorden mei de tekst ‘ik rust!’ op ferskate plakken yn de Fryske marren en Alde Feanen tsjin. Dy markearje de fûgelrêstgebieten foar in grut tal beskerme fûgelsoarten. Bygelyks de piiptjilling, de slob en de lytse seachbek. 

Tusken 1 oktober en 1 april freegje wy jo dy gebieten te mijen. Dat is in earekoade dy't provinsje Fryslân yn `e mande mei wettersportferieningen, rekreaasjeûndernimmers en natuerorganisaasjes neistribbet.

Wêr lizze de fûgelrêstgebieten?

Op de kaart is te sjen wêr’t de fûgelrêstgebieten lizze. De markearre gebieten lizze by de kanten fan de marren lâns yn it ûndjippe wetter, mar nea yn it soal.

Jo fine de giele boeien by:

  • De Alde Feanen
  • De Fluezen
  • De Aldegeaster Brekken
  • De Wite Brekken en Swarte Brekken
  • De Snitser Mar

Een gele boei met opschrift; niet invaren aub. Ik rust!

Hoe zien de boeien en informatieborden eruit?

De boeien en informatieborden zijn geel en blauw van kleur en bevatten de tekst ‘ik rust!’ en het vogelrustschild. Zo kunt u ter plekke zien waar een vogelrustgebied begint.

Wêrom binne der fûgelrêstgebieten?

Ferskate beskerme fûgelsoarten oerwinterje yn grutte groepen op ’e Fryske marren. De fûgels dy't der rêste, trekke oer grutte ôfstannen. Yn de winter sterkje se oan en bouwe se reserves op dy't se nedich hawwe om yn de maitiid nei harren briedgebieten te trekken.

Rêst is dêrby wichtich. As fûgels fersteurd wurde, kinne se ophâlde mei iten of opfleane. Dat kostet enerzjy. By in soad fersteuring kinne fûgels in gebiet mije. Fersteuring kin al barre foardat it foar minsken sichtber is. 

Dêrom freegje wy jo om de markearre gebieten net yn te farren, ek as der op dat stuit gjin fûgels te sjen binne. Dat jildt ek foar oare aktiviteiten op it wetter, lykas kanofarre, suppe, wingfoile en fiskje.

Informatiemateriaal voor uw gasten

Heeft u gasten die willen genieten van wintervaren? Dat kan gerust. Provincie Fryslân heeft brochures en posters gemaakt met meer informatie over de vogelrustgebieden en waarom dit belangrijk is. 

U kunt dit materiaal aanvragen, dan sturen wij u een set toe. Het materiaal is onderaan deze pagina ook digitaal te downloaden.

Aanvragen foldermateriaal

Dashboard Vogelrustgebieden

Vogeltellers houden ieder seizoen bij hoeveel vogels zich binnen en buiten de rustgebieden bevinden. Ook worden activiteiten en verstoringen bijgehouden. De cijfers zijn te vinden in het Dashboard Vogelrustgebieden.

Dashboard vogelrustgebieden

Wy ûndersykje wat fûgels nedich hawwe 

De fûgelrêstgebieten binne bedoeld om wetterfûgels fan ’e hjerst oant yn de betide maitiid foldwaande rêst te jaan. Yn it hiele Natura 2000-Fryske Marregebiet ûndersykje wy hokker aktiviteiten fan minsken fûgels fersteure, wêr’t en wannear't dat bart en hoe't fûgels dêrop reagearje. Ek sjogge wy oft de besteande fûgelrêstgebieten goed wurkje en op de goede plakken lizze. En wy ûndersykje wat wy dwaan kinne om fersteuring te ferminderjen. 

Dêrneist ûndersykje wy hoefolle fretten der beskikber is en hoefolle fûgels oft it Fryske Marregebiet stypje kin. Wy sjogge ûnder oare nei it tal en kwaliteit fan plakken dêr't fûgels fretten fine kinne en nei it beskikbere fretten foar ferskate wetterfûgels. 

Troch de resultaten fan beide ûndersiken mei-inoar te besjen, krije wy better ynsjoch yn wat fûgels nedich hawwe en hokker rol iten, libbensgebiet en fersteuring dêrby spylje. De resultaten wurde letter yn 2026 ferwachte en helpe by it kiezen fan eventuele fierdere stappen.

Vogelrustgebieden onderdeel van Natura 2000

Binnen Europa liggen veel natuurgebieden met bijzondere natuurwaarden. Om deze natuur te beschermen is een Europees netwerk van natuurgebieden opgezet: Natura 2000.

Ook in Fryslân liggen Natura 2000-gebieden. De vogelrustgebieden in de Friese Meren en de Alde Feanen liggen binnen deze beschermde natuurgebieden.

Een kuifeend zwemt in het water met andere kuifeendjes op de achtergrond.

Melde fan aktiviteit yn fûgelrêstgebieten

Fûgeltellers hâlde de aktiviteiten yn de fûgelrêstgebieten yn ‘e gaten. Sy kontrolearje de gebieten ien kear yn ‘e pear wike. Sjogge jo sels in boatsje of oare aktiviteit yn de rêstgebieten? Dan hearre wy dat graach. Jo kinne dat melde troch te mailen nei provincie@fryslan.frl.

Jou dêrby oan:

  • Om hokker type fartúch of aktiviteit it giet. 
  • Oft der wetterfûgels binne. 
  • Oft de persoan in tafersjochhâlder is. 
  • Eventuele oanfoljende opmerkingen.
Een smient zwemt in blauw water tussen allemaal smienten.