De provinsje Fryslân wurket, yn ‘e mande mei Fryske partners út û.o. de miljeu/natuer- en lânbousektor om de stikstofproblematyk yn de provinsje oan te pakken, ta op in útfieringsprogramma. Yn it ramt fan in gebietsrjochte oanpak wurde maatregels nommen yn en om de stikstofgefoelige Natura 2000-gebieten hinne. Yn ‘e oanrin nei dat trajekt presinteart it bestjoer fan Deputearre Steaten (DS) in fuortgongsrapportaazje oan Provinsjale Steaten.

Mei dy wiidweidige rapportaazje ynformearret DS de Steateleden en oare belanghawwenden oer de hjoeddeiske stân fan saken oangeande de stikstofproblematyk yn Fryslân. Dêrneist biedt it stik klearens oer de fuortgong dy’t de provinsje foar eagen stiet. Yn’e gearfetting wurde in tal konkrete aksjes neamd, dy’t rjochte binne op; it fuortsterkjen fan de natuer yn de Natura 2000-gebieten, emisje-ferminderjende maatregels en in hâldbere fergunningferliening.

Om de ynwenners fan Fryslân better ynformearje te kinnen oer it stikstoffraachstik hat de provinsje in online platfoarm ynrjochte. Dat kin rieplachte wurde  troch: www.fryslan.frl/stikstof. Yn dat platfoarm wurdt ûnder oare útlein wêrom’t tefolle stikstof in probleem is en hoe’t soks yn Fryslân oanpakt wurdt. Dêrneist jout it andert op de meast stelde fragen en kin de folsleine fuortgongsrapportaazje stikstof fan dizze side delladen wurde.