Fryslân en Grinslân meitsje plannen foar treinferfier fan 2035 ôf
De provinsjes Fryslân en Grinslân wolle ek nei 2035 soargje foar goed en betrouber treinferfier. Dêrby is it útgongspunt om it hjoeddeiske tal treinritten te behâlden en it treinferfier skjinner te meitsjen. Deputearre Steaten fan beide provinsjes hawwe ynstimd mei de earste plannen hjirfoar. Provinsjale Steaten beprate dy plannen yn jannewaris 2027.
De hjoeddeiske ôfspraken oer it regionale treinferfier yn Fryslân en Grinslân rinne yn 2035 ôf. Dêrom riede beide provinsjes nije ôfspraken foar de perioade fan 2035 oant 2050 ta. It doel is om it treinferfier betrouber, feilich, komfortabel en tagonklik te hâlden. Ek betelbere kaartsjes, genôch sitplakken en goede oanslutingen op oar iepenbier ferfier bliuwe wichtich.
Skjinnere treinen
Op ’e regionale spoarlinen yn Fryslân en Grinslân ride no noch diseltreinen. Dy treinen binne tsjin 2035 oan ferfanging ta. De provinsjes hawwe dêrom de ambysje om oer te stappen op elektryske treinen mei batterijen. Dy treinen wurde fia koarte stikken boppelieding opladen en ride de rest fan ’e rûte op batterijen. Ut ûndersyk docht bliken dat batterijtreinen op ’e lange termyn de foardielichste oplossing binne. Trochgean mei diseltreinen kostet mear jild. De oerstap freget ek om oanpassingen oan it spoar. It Ryk wurket dêr fia ProRail oan. Om it hjoeddeiske tal treinritten te behâlden, is troch de tanimmende kosten ek ekstra jild nedich.
Hoe giet it fierder?
Provinsjale Steaten fan Fryslân en Grinslân beprate de plannen yn jannewaris 2027. Dêrnei wurkje de provinsjes de easken foar it nije treinferfier fierder út. Dy foarmje de basis foar de nije ôfspraken mei in ferfierder fan 2035 ôf.