Fryslân Elektrysk

Fan desimber 2021 ôf kinne ynwenners fan Fryslân in publike laadpeal foar elektryske auto’s oanfreegje. Elke peal hat twa laadpunten. It pleatsen fan laadpeallen is in wichtige stap nei in folslein dekkend laadnetwurk, dat de kommende jierren fierder útwreide wurde sil. It bedriuw TotalEnergies hat de earste oanbesteging wûn en leveret en pleatst dizze laadpeallen. De opdracht ta pleatsing troch TotalEnergies rint oant en mei de earste helte fan 2026. Dêrneist eksploitearje sy dizze peallen noch oant 1 desimber 2032.
Laadpeallen
In folslein netwurk fan publike laadpeallen makket elektrysk riden tagonkliker. Fan de 18 Fryske gemeenten nimme der 17 diel oan de konsesje foar it pleatsen fan laadpeallen. Gemeente Súdwest-Fryslân hat in eigen konsesje. De laadpeallen komme op iepenbiere lokaasjes en binne foar algemien gebrûk. Dus net allinnich foar dejinge dy 't de laadpeal oanfrege hat.
It útwreidzjen fan it laadnetwurk bart noch op oanfragen fan ynwenners fan Fryslân, mar hieltyd faker op basis fan it brûken fan laadpeallen yn de buert. Ek sjogge wy nei de belesting fan it netwurk om de goede lokaasjes te bepalen.
Laadpeal oanfreegje
Hawwe jo in elektryske auto, mar gjin eigen oprit? Dan kinne jo in laadpeal oanfreegje. Dit jildt ek foar wurknimmers fan bedriuwen. In laadpeal oanfreegje kin fia: www.laadpaalnodig.nl/. Dêr fine jo ek de betingsten foar it oanfreegjen fan in laadpeal. Wolle jo witte wêr 't al laadpeallen steane? Sjoch dan op www.oplaadpalen.nl.
Gemeente Súdwest-Fryslân hat in eigen konsesje. Wenje jo yn dizze gemeente? Freegje dan in laadpeal oan. Of folje op www.laadpaalnodig.nl gemeente Súdwest-Fryslân yn. Jo wurde dan automatysk trochlinkt nei de goede website.
Lokale duorsume enerzjy
Njonken de ynkeap fan Nederlânske duorsume stroom út sinne en wyn stimulearret TotalEnergies it opwekken fan lokale duorsume enerzjy. It ynkeapjen fan duorsume stroom wie ien fan de oanbestegingseasken. It opwekken fan lokale duorsume enerzjy wie in grutte winsk. Troch stroom yn te keapjen by ferskate lokale produsinten yn Fryslân op it stuit fan laden bringt TotalEnergies it opwekken en it ferbrûken fan stroom tichter byinoar. Dit is net allinnich griener, mar ek kostebesparjend en it foarkomt drokte op it net.
De laadpeallen dy 't we no pleatse binne foar persoane-auto's of buskes. In folgjende stap is it stimulearjen fan de frachtweinen, bussen, bou - en lânbouferkear en fartugen. Wy dogge dit ûnder it motto ‘ Fryslân Elektrysk ’ en dêr binne alle Fryske gemeenten by oanheakke.
Opjefte Klimaatakkoart
De Nationale Agenda Laadininfrastructuur (NAL) is taheakke oan it nasjonale Klimaatakkoart. It doel fan de NAL is om mei goede laadynfrastruktuer elektrysk riden te stimulearjen. Der is in fersnelling nedich yn it útrôljen fan laadpeallen. Dy útrol hat grutte ympakt op ûnder oare it elektrisiteitsnet en de iepenbiere romte.
Gemeenten en netbehearders spylje in wichtige rol om dat doel te berikken. De NAL freget oan elke gemeente om in yntegrale fyzje laadynfrastruktuer en pleatsingsbelied op te stellen. Njonken dat de fyzjes en it belied gemeenten helpe by de útrol fan laadynfra, jout it netbehearders ek wichtige ynformaasje oer de ympakt op it elektrisiteitsnet. De provinsje stipet en stimulearret dêrby de gemeenten en netbehearders. Wy dogge dit ûnder it motto ‘Fryslân Elektrysk’ en dêr binne alle Fryske gemeenten by oanheakke.
Stân fan saken
Op dit stuit binne der sa'n 470 laadpeallen pleatst (desimber 2025), wy binne hast oan it ein fan de pleatsingsperioade. Tegearre mei de gemeenten ûndersykje wy dêrom de mooglikheden foar it ferfolch op de hjoeddeistige konsesje.
Fryslân Elektrysk riedt de opfolging ta foar it pleatsen fan laadpeallen, wêrby't it in wichtich doel is dat de oerheden mear grip krije op it pleatsingsproses. Dêrneist wolle we mear regy nimme, sadat we better ynspylje kinne op wizigingen en mear mei lokale partijen wurkje en sels lokale elektrisiteit leverje oan de laadpeallen.
Oanfragen dy't fan 1 desimber 2025 ôf dien wurde, wurde net mear troch TotalEnergies behannele, mar opnommen wurde yn de nije opset. Dit nije kontrakt sil yn de earste helte fan 2026 oanbestege wurde. Dat betsjut dat wy oanfragen op dit stuit net fierder ferwurkje kinne en wachtsje oant de nije oanpak konkreet wurden is. Nei ferwachting kinne wy de earste oanfragen nei de simmer fan 2026 wer ferwurkje. Oanfregers wurde automatysk ynformearre sadree't de oanfraach fierder yn behanneling naam wurdt yn de nije opset.
Hawwe jo in fraach en kinne jo it antwurd op jo fraach net fine op dizze webside? Dan kinne jo maile nei provincie@fryslan.frl of belje mei 058 - 292 59 25 fan moandei oant en mei freed yn kantoaroeren.