Fryslân docht mei oan de Wike fan Us Iten

Dochsto ek mei? Fan 3 oant en mei 10 oktober stiet Nederlân yn it ramt fan de Wike fan Us Iten. Ek yn Fryslân sette wy ús iten dizze wike ekstra yn de skynwerpers. Wêr komt ús iten wei, wa makket it en wat makket it weardefol?

Fryslân is in echte lânbouprovinsje. Boeren en túnkers soargje deistich foar ús iten en foar in fitaal plattelân. In sûne boaiem is dêrby de basis foar sûn iten en sûn libjen.

Yn 'e Wike fan Us Iten kinst dat sels ûntdekke. Troch hiel Fryslân binne der iepen dagen, ekskurzjes, priuwerijen, boeremerken en oare aktiviteiten. Untmoat de makkers fan ús iten, proef lokale produkten en ûntdek wat Fryslân te bieden hat. 

Kom priuwe, ûntdekke en belibje ûnder de Wike fan Us Iten! 

Benijd nei alle aktiviteiten?

Logo van de Week Van Ons Eten.