Fryske sporten
Ek yn 2023 is it wer mooglik om subsydzje oan te freegjen foar in sportevenemint op it mêd fan de Fryske sporten. De regeling is iepen fan 2 jannewaris ôf oant en mei 26 oktober 2023. It subsydzjeplafon (eksterne link)is € 60.000.
De tekst fan de regeling is te finen yn paragraaf 5.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân(eksterne link). Ûnder de Fryske sporten fersteane wy: keatse, fierljeppe, skûtsjesile, damjen Frysk spul en de Fryske hynstesport.
Oanfraach yntsjinje
De oanfraachkritearia kinne jo fine yn paragraaf 5.2 fan de Subsydzjeregeling kultuer en mienskip Fryslân. Besjoch goed oft jo oan alle betingsten foldogge foardat jo ûndersteand oanfraachformulier yntsjinje. It is belangryk dat jo it oanfraachformulier folslein ynfolje en dat jo alle frege bylagen taheakje. Besteed foaral ek foldwaande omtinken oan de begrutting. Jo kinne in format foar in begrutting fia ús Klantkontaktsintrum opfreegje. Jo kinne de oanfraach oer de post opstjoere of ôfjaan by de baalje fan it provinsjehûs.
Hichte fan it subsydzje
It subsydzje is op syn meast 35% fan de kosten dy’t subsidiearre wurde kinne, mei in maksimum fan € 5.000. As it om in oanfraach giet foar seis of mear sporteveneminten kin op syn heechst in subsydzje fan € 15.000 frege wurde.
Mear ynformaasje
Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia de mail provincie@fryslan.frl.