De Fryske flagge is te werkennen oan de 7 banen (4 blauwe, 3 wite) en de 7 reade pompeblêden. Dizze 7 pompeblêden binne symboal foar de 7 seelannen, krekt lykas de 7 blokjes yn it wapen.

In 1897 waard de flagge troch Deputearre Steaten erkend. Yn 1927 waard de flagge foar it earst offisjeel brûkt op it provinsjehûs. Net earder as yn 1957 is de flagge troch de Steaten fan Fryslân fêststeld en oan de Keninginne ta befêstiging oanbean. 

Wolle jo de bestannen fan de Fryske flagge yn .eps of .svg formaat krije? Nim dan kontakt op mei ús klantkontaktsintrum fia 058 – 292 59 25 of freegje se oan fia provincie@fryslan.frl