Een foto van windmolens met daarvoor een zonnenpanelenpark

De Fryske Enerzjydei en Feriening Sirkulêr Fryslân slaan de hannen ynien en organisearje op tongersdei 19 oktober 2023 mei-inoar ít event op it mêd fan Ferduorsumjen fan Fryske MKB en Bedriuweterreinen.

Gearwurkingen tusken bedriuwen dy't op itselde terrein fêstige binne en yn it MKB, biede in hiel soad kânsen. Dêrby spylje duorsumens en takomstbestindigens in grutte rol. Mar hoe giest yn de praktyk om mei it gebrûk en it dielen fan grûnstoffen, reststreamen, enerzjy en wetter? Seker op it tema enerzjy steane MKB en bedriuweterreinen foar grutte útdagingen. Yn Fryslân ûntdekke wy dat mei-inoar.

Oanmelde Fryske enerzjydei

Programma Fryske Enerzjydei | Ferduorsuming Fryske MKB en Bedriuweterreinen

  • Datum: tongersdei 19 oktober 2023
  • Lokaasje: De Fabriek, Ljouwert
  • Deifoarsitter: Roelof Louwsma

08:00 – 11:00 Sirkulêre Bedriuweterreinen yn Fryslân

11:00 – 17:00 Ferduorsuming MKB | Bedriuweterreinen yn Fryslân (Fryske Enerzjydei)

Mei in bestjoerlike moarn.

De offisjele útnûging mei mear ynformaasje oer it programma en de oanmeldlink krije jo nei de simmer.

Oer de sechsde Fryske Enerzjydei

De Fryske Enerzjydei giet troch, mei alwer in sechsde edysje. Dit kear oer it ferduorsumjen fan Fryske MKB & Bedriuweterreinen. Der komt ûnder oare lanlike taljochting op it Ontzorgingsprogramma SPUK voor MKB & Bedrijventerreinen. Wy hawwe it oer de fyzje op enerzjyfoarsjennings – takomstige oplossings. Ek beprate wy de finansieringsmooglikheden mei-inoar en komme der in tal ynspirearjende foarbylden oan it wurd. De dei is bedoeld om sawol op amtlik en bestjoerlik nivo, as mei útfierende partijen kennis en kunde út te wikseljen op it mêd fan de enerzjytransysje.

Oer Feriening Sirkulêr Fryslân

Feriening Sirkulêr Fryslân (VCF) is in feriening mei 145 leden, wêrûnder alle Fryske oerheden, kennisynstellings, goed 90 bedriuwen en in tal maatskiplike organisaasjes. Mei-inoar hawwe sy de ambysje om as Fryske regio in sirkulêre koprinner te wurden. Dit dogge wy troch projekten, wêrby't leden gearwurkje oan de sirkulêre ekonomy. In foarbyld dêrfan is it projekt ‘Circulaire Bedrijventerreinen’ dat yn de ôfrûne oardel jier tegearre mei provinsje Fryslân, fjouwer gemeenten en Omrin útfierd is. Der lizze no seis rûtekaarten dy't de start foarmje foar noch mear sirkulêre bedriuweterreinen yn Fryslân.

Mear ynformaasje

Foar fragen oer de regeling kinne jo kontakt opnimme mei it KCC op telefoannûmer 058 - 292 59 25 of fia energie@fryslan.frl.