Frysk is mear as de taal allinnich’
Mei in heit en mem dy’t beide yn Amsterdam hikke en tein binne, krige Debbie van Elden (31) in Nederlânsktalige opfieding. Om’t se wol opgroeide yn Fryslân stuts dat somtiden. ,,Ik fielde my écht Frysk, mar wie tagelyk ek in bytsje oars. As we op fakânsje wiene en ik hearde guon Frysk praten, tocht ik: ik hear by jimme, mar jimme hearre it net oan my.”
Debbie keas nei de middelbere skoalle foar de pabû en helle dêr har foech Frysk. ,,Doe besleat ik dat ik it Frysk echt prate wol én trochjaan.” Nei noch in oplieding gong se oan it wurk. Sûnt 2021 jout se Fryske les op it Piter Jelles Ynsicht. Provinsje Fryslân fynt dat der mear learkrêften en dosinten mei it foech om Frysk dosearje te kinnen en meien nedich binne. Om dat te realisearjen is de provinsje begûn mei de kampanje ‘Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk’, as ûnderdiel van Taalplan Frysk 2030.
Stipe
In perfekte match dus, en dat makket Debbie ta in treffend boechbyld fan de kampanje. ,,Bytiden wie de oplieding bêst dreech, want neist de dieltiidstúdzje wurke ik fulltime. En guon sprekwurden of âlde tiidwurdsfoarmen koe ik net, omdat ik it Frysk net fan hûs út meikrigen hie. Ik koe gelokkich altyd by dosinten en klassegenoaten terjochte mei myn fragen, en stap foar stap groeide myn selsbetrouwen.”
Redbad en Grutte Pier
Yn alle earste lessen fan in nij stúdzjejier freget Debbie oan har learlingen wat se tinke dat se by it fak Frysk leare sille. “En altyd hear ik itselde antwurd: ‘Wy moatte it Frysk leare te skriuwen, te lêzen en te praten. Krekt as by Ingelsk’. ‘Nee”, sis ik dan. Ik wol ek de doar út.”
Debbie wol sjen litte dat it Frysk mear is as de taal: “It is ek de kultuer en de skiednis. Yn de midsiuwen wie Fryslân folle grutter en hie it in hiel promininte rol yn Europa. Frysk is mear as ‘bûter, brea en griene tsiis’, it is oeral om ús hinne. Dêrom geane wy ek te keatsen en te fierljeppen en bakke wy sûkerbôle. Boppedat nim ik de bern mei yn de Fryske skiednis troch ferhalen oer Redbad en Grutte Pier. Want hoe bysûnder is it dat sa’n lyts folkje in eigen taal, skiednis en kultuer hat?”
Moaier as tocht
Mei trochdat Debbie de oplieding learaar Frysk folge, waard Piter Jelles Ynsicht de earste skoalle dy't it Frysk eineksamen foar tmbû-basis en -kader oanbiede koe. En ek it feit dat der fan ‘e kant fan learlingen ynteresse yn Frysk as eksamenfak wie, hie dêr fansels ynfloed op: fan de 105 twaddejiers keazen 62 learlingen Frysk as eksamenfak.
Foar Debbie betsjut it ôfsluten fan de oplieding ta dosint Frysk in nije faze yn har karriêre. “Ik bin no folle wisser fan mysels. Ik wit dat ik goed bin yn wat ik doch, en ik bin grutsk dat ik myn learlingen net allinnich de taal, mar ek de grutskens op harren komôf meijaan kin. It makket my lokkich as learlingen oan ’e ein fan it jier sizze: ‘Ik fyn it fak Frysk folle moaier as ik tocht hie’.”

It leargebiet Fryske taal en kultuer kriget yn de kommende jierren in hieltyd gruttere rol yn it ûnderwiis. De provinsje hat de ambysje dat de wetlike kearndoelen op alle skoallen yn Fryslân yn it primer ûnderwiis en ûnderbou fan fuortset ûnderwiis yn wurking steld wurde. Dêrneist stribbet de provinsje dernei dat it Frysk ek yn de ûnderwiissektoaren dêr omhinne in sterk plak krijt, sadat der in trochgeande learline ûntstiet. Om dat te realisearjen binne der mear learkrêften en dosinten nedich mei it foech om Frysk dosearje te kinnen en meien.
It kampanjeboadskip is helder: Jou Frysk, omdatst joust om it Frysk. Kombinearje watst kenst mei watst kinst. Want de taal libbet, as ien him jout. De taal is der, no de leararen noch.
Jousto de takomst taal? Jou Frysk! Mear ynfo: www.joufrysk.frl.