Let op: It subsydzjeplafond fan € 250.000, - is ûnderwilens berikt. It is dêrom net mear mooglik om in oanfraach yn te tsjinjen foar dizze regeling.

Dizze regeling is bedoeld om gong te meitsjen yn de foarfaze fan de nijbou en werstrukturearring yn de provinsje Fryslân. It ministearje fan Ynlânske Saken en Keninkryksrelaasjes hat in bedrach fan € 442.149 beskikber steld foar de finansiering fan fleksibele ynset fan ekspertize en kapasiteit om gong te meitsjen yn de foarfaze fan wenningbou. Troch de provinsje is € 250.000 foar ko-finansiering beskikber(eksterne keppeling) steld. It ministearje fan BZK hat foar de finansiering fan de bondeling fan fleksibele ynset fan ekspertize en kapasiteit om de gong yn de foarfaze fan wenningbou te befoarderjen de Regeling specifieke uitkering flexibele inzet woningbouw ynsteld.

Foar wa?

Gemeenten kinne fanôf 25 oktober 2021 oant en mei 31 desimber 2022 subsydzje oanfreegje. De regeling(eksterne keppeling) is bedoeld om mear gong yn de foarfaze fan nijbou en werstrukturearring fan wennings te bringen.

Betingsten

Subsydzje wurdt beskikber steld foar de ynhier fan professionals dy’t ynset wurde foar it útwurkjen fan nijbou- en werstrukturearringsprojekten foar wenningbou en it opstellen fan bestimmingsplannen.

  • It wurk dêr’t it subsydzje foar oanfrege wurdt hat oantoanber as doel gong te bringen yn de foarfaze fan werstrukturearrings- en/of nijbouprojekten.
  • It giet by it beskikber stellen fan subsydzje om in bydrage yn de kosten foar it beheljen fan professionals by: 
    • de fergunningferliening fan wenningbouprojekten;
    • it útwurkjen fan in wenningbouprojekt;
    • it sluten fan anterieure oerienkomsten mei merkpartijen;
    • it opstellen fan in bestimmingsplan en it trochrinnen fan de byhearrende proseduere by wenningbouprojekten.
  • It wurk dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, begjint binnen seis moanne nei subsydzjeferliening.
  • Subsydzje wurdt allinne beskikber steld as foar de oanbelangjende gemeenten foar deselde aktiviteiten yn itselde projekt noch net earder, op grûn fan dizze regeling, subsydzje beskikber steld is.
  • Subsydzje wurdt allinne beskikber steld as foar de oanfraach gebrûk makke is fan it oanfraachformulier ûnderoan dizze side, wêrby’t:
    • in beskriuwing fan de aktiviteiten, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, opnommen is;
    • in offerte fan de kosten, dêr’t subsydzje foar oanfrege wurdt, taheakke is.
  • Subsydzje kin allinne beskikber steld wurde salang’t der budzjet beskikber is.

Maksimale fergoeding

  • Gemeenten kinne foar projekten 75% fan de subsidiabele kosten it projekt oanfreegje, oant in maksimum fan € 25.000.

Wêr?

Jo kinne subsydzje oanfreegje troch gebrûk te meitsjen fan it oanfraachformulier. It is wichtich om it oanfraachformulier folslein yn te foljen en alle taheakken dy’t nedich binne ta te foegjen. Dogge jo dat net, dan rinne jo mooglik subsydzje mis. Jo kinne it formulier op ‘e kompjûter ynfolje. Jo hawwe dêr it programma Acrobat Reader DC foar nedich. It bestân kin net yn de browser Edge of mei Word ynfolle wurde. Foar it ynfoljen fan it formulier mei Acrobat Reader DS folgje jo ûndersteande stappen:

  1. Iepenje it oanfraachformulier yn it programma Acrobat Reader DC
  2. Klik op ‘Invullen en ondertekenen’
  3. Folje de antwurden yn
  4. Printsje it formulier
  5. Undertekenje it formulier
  6. Soargje derfoar dat alle taheakken, dy’t frege wurde, ek printe wurde
  7. Stjoer it ûndertekene formulier mei de taheakken oer de post nei de provinsje of leverje it by de baly fan it Provinsjehûs yn.

Oanfraachformulier

Mear ynformaasje

Hawwe jo noch fragen, dan kinne jo kontakt mei út Klantkontaktsintrum opnimme, fia telefoannûmer 058 – 292 59 25 of fia de mail mei provincie@fryslan.frl.