Fiskerij, natuer en oerheid meitsje nije mearjierreôfspraken hânkokkelfiskerij
Op freed 21 novimber ûndertekenje fertsjintwurdigers fan natuer, fiskerij en oerheid de nije 'Mearjierreôfspraken Hânkokkelfiskerij Waadsee'. Hjirmei wurdt foar de perioade 2026-2032 opnij ynset op goed lykwicht tusken natuerbehâld en duorsume fiskerij yn de Waadsee.
De ûndertekenjende partijen binne de hânkokkelfiskers feriene yn de feriening ‘Op Handkracht Verder’, Coalitie Wadden Natuurlijk, it Ministearje fan Lânbou, Fiskerij, Fiedselwissens en Natuer en de provinsje Fryslân.
Deputearre Abel Kooistra: “Mei it ûndertekenjen fan dizze nije set ôfspraken sette wy de suksesfolle gearwurking troch. Wy soargje foar in sûne balâns tusken in fitaal ekosysteem en takomstbestindige fiskerij. De mearjierreôfspraken hânkokkelfiskerij wurde faak as foarbyld neamd oer hoe‘tst ôfspraken meitsje kinst tusken oerheden, fiskerijorganisaasjes en natuerorganisaasjes. Dêr meie wy bêst grutsk op wêze.”
De nije mearjierreôfspraken regelje ûnder oaren dat:
- Maksimaal 2,5% fan de oanwêzige kokkels (fleisgewicht) meie alle jierren opfiske wurde mei yn tichtheden boppe 50 m2;
- De Waadsee bliuwt ferdield yn sletten, lottings- en iepen fiskgebieten om sprieding fan de fiskerij fuort te setten;
- Der komt yn de hjerst ekstra monitoring/ûndersyk nei simmerstjerte;
- De grins fan wat in fiedselryk dan wol fiedselarm jier is, is oanskerpe.
Helder kader foar de takomst
De mearjierreôfspraken biede dúdlikens foar de fiskerijsektor en garandearje de beskerming fan de natuerwearden yn de Waadsee. Sûnt 2005 hat de provinsje Fryslân it foech foar besluten oer dizze natuerregeljouwing. De nije ôfspraken foarmje it ramt foar de fergunningferliening ûnder de Omjouwingwet (ûnderdiel natuer).
