Ta eare fan it 125-jierrich jubileum wurdt de Steateseal in jier lang iepensteld foar alle ynwenners fan Fryslân. Troch koroana wie en is it noch net mooglik om de Steateseal te besykjen of in rûnlieding te folgjen. Dêrom is it no mooglik om digitaal in rûntsje te meitsjen troch dizze histoaryske seal. Yn totaal binne der 17 feiten oer de seal te ûntdekken. Nijsgjirrich wurden? Start de toer troch te klikken op 'Start Tour' yn it skerm. 

Op mobile apparaten of lytsere skermen wurket de toer it bêste fia dizze link(eksterne keppeling).