Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe op 21 novimber 2023 it Utfieringsprogamma RMP 2024 (UP RMP) fêststeld.

    Yn dit útfieringsprogramma lêze jo de plannen en aktiviteiten fan de provinsje Fryslân op it mêd fan mobiliteit en ynfrastruktuer. Fertrekpunt is it Regionaal Mobiliteitsprogramma Fryslân 1.0 “ Underweis nei moarn ”, dat is oanfolle mei in oersjoch fan it programmearre ûnderhâld en behear fan ús provinsjale (far)wegen en keunstwurken.

    It UP RMP hat fiif programmalinen dy’t de basis foarmje fan ús wurksumens:

    1. Wy binne goed berikber en ús netwurken binne betrouber, effisjint en takomstbestindich.
    2. Wy ferpleatse ús duorsum.
    3. Wy sette yn op mobiliteit foar elkenien.
    4. Wy ferpleatse ús feilich.
    5. Wy sette yn op tûke techniken.