Yn Fryslân rinne op ferskate plakken ferwyldere katten om. Dizze katten kinne foar oerlêst soargje, benammen foar lokale, kwetsbere en somtiden bedrige bistesoarten. Se jeie bygelyks op mûzen, mar ek op fûgels (en harren nêsten) en kninen. De provinsje Fryslân hat de taak om dy lokale en faak kwetsbere soarten te beskermjen.

Metoade: Trap, Neuter, Relocate

Provinsjale Steaten hat yn de nije Nota Faunabelied Fryslân in nije mooglikheid taheakke foar it ferminderjen fan oerlêst troch ferwyldere katten. Namelik de TNR-metoade. Dat stiet foar Trap (vang), Neuter (kastrearjen/sterilisearjen) en Return/Relocate (werompleatsen of werpleatsen).

Mei dizze metoade wurde katten fongen yn spesjale fangkoaien. Dêrnei wurdt sjoen oft de kat chipt is (en dus oft dy in baaske hat). Is dat it gefal, dan giet de kat werom nei de eigener. Is dat net sa, dan wurdt de kat chipt en sterilisearre of kastrearre. Dêrnei wurdt de kat ûnderbrocht. Dat betsjut dat de bisten herpleatst wurde by in famylje of nei in permaninte katteopfang giet. Yn guon gefallen kin in kat frijlitten wurde yn in gebiet dêr't dat net in gefaar foarmet foar kwetsbere bisten. Foar it frijlitten fan katten - dus sûnder eigener - is in omjouwingsfergunning nedich. Op dy wize wurdt besjoen oft it bist op in geskikt plak frijlitten wurdt. Sadat er net opnij kwetsbere fûgels en oare soarten bejeie kin.

Een kat met een verwilderde blik in de ogen die in het gras loopt
Foto: Pexels

Ofskot fan ferwyldere katten

Alle faunabehearders yn Fryslân meie de ferwyldere kat op de grûnen dêr 't se jachthâlder fan binne, bestride. Faunabehearders wolle en meie húskatten net deadzje. In faunabehearder hannelet dêrom soarchfâldich wêrtroch't de kâns op it ûngelok delsjitten fan húskatten minimalisearre wurdt.

Een verwilderde kat met een vogeltje in zijn bek
Foto: Losonsky – Shutterstock

Pilot op Skiermûntseach

Stichting Zwerfkatten Nederland en Natuurmonumenten makken in pilotplan foar de oanpak fan de grutte hoemannichte ferwyldere katten op Skiermûntseach. Yn 2021 wiene dat der ûngefear 50. Dy feroarsaken dêr benammen yn it Nasjonaal Park en de Natura 2000-gebieten oerlêst. Bygelyks troch it jeien op lokale soarten lykas mûzen, kninen en fûgels.

Begjin 2022 hat der dêrom in fangaksje west mei lokkooien. Dêrfoar wurken Stichting Zwerfkatten Nederland, Natuurmonumenten, de fûgelwacht en ferskate oare partijen op Skiermûntseach gear. Krekt foar de fangaksje koene bewenners fan Skiermûntseach harren kat fergees chippe en kastrearje/sterilisearje litte. Ek waarden katteeigeners frege om yn de fangperioade de kat safolle mooglik binnen te hâlden. Dit alles wie om foar te kommen dat húskatten fongen waarden. Wie dat dochs, dan waard de húskat wer frijlitten.

Der binne yn 2022 sa'n 40 katten fongen, dat is it grutste part fan de ferwyldere katten op it eilân. Se binne nei de grutte swalkkatteopfang yn Muntsjesyl gien en binne dêr chipt en kastrearre/sterilisearre. De katten dy't net botte minskeskou binne, binne werpleatst by in nij baaske of kinne oan de slach as mûzefangers op in boerehiem. Net yn of by in natuergebiet of by in greidefûgelgebiet. De katten dy 't te skou binne, bliuwe yn de grutte swalkkatteopfang wenjen.

Fraach en antwurd

Hoefolle ferwyldere katten binne der yn Fryslân?

It ministearje fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit (LNV) hat yn 2022 dwaande west mei it opstellen fan in ferkenningsdokumint oer de katteproblematyk, neamd: Loslopende katten; Gezamenlijke verkenning van de problematiek en oplossingsrichtingen random zwerfkatten en loslopende huiskatten.(eksterne keppeling) Provinsje Fryslân hat mei oare partijen aktyf bydroegen oan dit ferkenningsdokumint. Yn dit dokumint stiet it folgjende: “De skattingen fan it tal swalkkatten yn Nederlân rinne utien fan 135.000 oant 1.200.000. It krekte tal swalkkatten is dus ûnbekend. Ferskate partijen dy't mei dizze ferkenning sprutsen binne ferwachtsje lykwols dat it oantal earder oan de ûnderkant fan dizze bânbreedte sit, al kinne se dat net hurd meitsje. Der is net folle sicht op de fuortplanting fan swalkkatten en de trends yn de populaasje.” Troch it foar in part ferburgen karakter fan ferwyldere katten en swalkkatten, is op dit stuit ek net bekend hoefolle ferwyldere katten der yn Fryslân binne.

Watfoar problemen spylje der om 'e nocht ferwyldere katten?

  • Bistewolwêzen: It bistewolwêzen fan ferwyldere katten is yn it geding, omdat bisten net de nedige soarch krije en net folslein selsstannich libje kinne op strjitte. Dit kin liede ta sykte en stjerte.
  • Oerlêst: Losrinnende/ferwyldere katten kinne liede ta oerlêst by direkte omwenners. Der kin tocht wurde oan lûdsoerlêst, it skiten en pisjen op private terreinen en it oanfretten fan smoargens. Ek kinne katten soargje foar fernieling en yn gefjocht reitsje mei oare hâlden en net-hâlden bisten.
  • Predaasje: Ferwyldere katten wurde net fierd en binne folslein ôfhinklik fan iten wat sy selsstannich fine of sammelje. It kin dêrby gean om achterlitten iten fan minsken of proairesten fan oare bisten, mar ek bisten dy't se selsstannich fange (predaasje). Neist direkte predaasje, feroarsaket de oanwêzigens fan in rôfbist - lykas in (ferwyldere) kat - ek foar fersteuring en stress by oare bisten.
  • Risiko sykten op minsken oerbringe: Katten kinne ferskillende soönosen ferspriede. Dat binne ynfeksjesykten dy't in bist op in minske oerbringe kin (COVID-19 is dêr in foarbyld fan). Faak fynt fersprieding fan saneamde 'soönose' allinnich plak by nau kontakt fan minsken mei katten. Nettsjinsteande it beheinde risiko op fersprieding, binne katten wol in frekwinte fersprieder fan ferskate soönotyske sykteferwekkers lykas Toxocara en Toxoplasma.

Wêrom kinne ferwyldere katten net gewoan omrinne?

Ferwyldere katten hawwe gjin baaske en wurde dus ek net fierd en krije ek gjin medyske soarch. Dêrneist binne se faak net yninte, chipt en sterilisearre/kastrearre. Dat betsjut dat se sels op syk moatte nei iten (en dus jeie sille), mar ek dat as se siik binne, nei alle gedachten gjin soarch of medisinen krije. Ek kinne dizze katten harren gau fuortplantsje, wêrtroch't der allinnich mar mear ferwyldere katten komme en der dus ek mear jage wurdt. Dan komme kwetsbere en beskerme soarten yn de knipe.

Wêrom meie ferwyldere katten yn Fryslân (as iennichste provinsje) noch ôfsketten wurde?

Ut ferskate stúdzjes hat bliken dien dat ferwyldere katten in negative ynfloed hawwe op biodiversiteit en dan benammen fûgels. Fryslân hat in grutte ferantwurdlikheid foar de bisten dy't op de grûn briede, benammen greidefûgels, en wol út dy ferantwurdlikheid wei de predaasjedruk (troch katten) oanpakke. Ofskot ferminderet it tal katten fuortendaliks. Hjirtroch nimt it tal takomstige ferwyldere katten en dêrmei ek de problemen ôf.