Op dizze side binne wichtige fragen en antwurden te finen oer it trainee-wêzen by de provinsje Fryslân.

Is it traineeprogramma foar elkenien tagonklik?

Do hast in bachelor/master op hbû- of twû-nivo en op syn meast twa jier wurkûnderfining. Do stietst oan it begjin fan dyn karriêre en wolst dysels graach ûntwikkelje ta professional.

Kin ik ek sollisitearje as ik noch net ôfstudearre bin?

Ja dat kin! Ast alteast dyn stúdzje fierhinne ta in útdragen ein brocht hast. Yn ’e praktyk docht nammentlik gauris bliken, dat it lestich is om in folsleine baan en in oplieding te kombinearjen. Dêrom wolle wy it leafst ôfstudearre hbû’ers en twû’ers mei in bachelor- of masterdiploma hawwe. Dus bist noch net ôfstudearre, mar hast dyn stúdzje wol sa goed as ta in útdragen ein brocht, dan kinst wol sollisitearje.

Hoe ferrint de sollisitaasjeproseduere?

De fakatuere stiet twa kear yn it jier iepen. Hâld ús webside en ús social media yn 'e gaten.

De earste sollisitaasje-omgong bestiet út speeddates (koarte petearen fan 5 minuten de kear) mei trije fan ús kollega’s. Op sa’n wize kinne wy mei dy yn ’e kunde komme, en is der romte foar dy om mei ús yn ’e kunde te kommen.

De twadde en lêste sollisitaasje-omgong bestiet út in persoanlike profylanalyze (PPA) en in yndividueel petear.

Sykje jimme ien of mear trainees?

Wy binne op ’e siik nei mear trainees. Hoefolle oft dat der krekt wurde, hinget alhiel ôf fan it oanbod en ’e match. De praktyk leart, dat wy yn ’e regel úteinsette mei groepen fan tusken de 5 en 10 trainees. Foar de spesjalisten hawwe wy 10 plakken en sykje wy, ôfhinklik fan de funksje, 1 oant 3 trainees per plak.

Kin ik sollisitearje op twa trainiplakken tagelyk?

Ja, dit kin. Yn 'e praktyk sjogge wy dat minsken wol faak in foarkar ôfhinklik hawwe fan dyn eigen profyl, persoanlikheid en ynteresse. Projektlieders binne generalisten, fine it nijsgjirrich om dwaande te gean mei ferskate ûnderwerpen, binne fleksibel en tinke yn grutte linen. Spesjalisten binne 2 jier binnen ien fakgebiet dwaande en ûntwikkelje harren kennis en kunde op dat spesifike wurkfjild. Dit binne takomstige adviseurs en beliedsmeiwurkers.

Wêr kin ik mear fragen stelle?

Hast noch mear fragen? Stjoer in mail nei trainee@fryslan.frl of skilje mei 058 - 292 86 32, te berikken op wurkdagen tusken 9:00 en 17:00 oere.