Enerzjybesparliening
De Enerzjybesparliening biedt de mooglikheid oan Fryske ynwenners dy't harren sparjild net ynsette wolle of kinne ynsette foar it enerzjysuniger meitsjen fan harren hûs. Fia it Nationaal Warmtefonds (NWF) kinne wenningeigeners in liening oan freegje foar de ferduorsuming fan de wenning.
Maatregels dy’t binnen de Enerzjybesparliening falle
Isolearje |
Ferwaarmje |
Opwekke |
Fentilearje |
Asbestsanearing mei dakisolaasje |
Oanslute op waarmtenet |
Sinnepanelen |
CO 2 stjoerde fentilaasje |
Dakisolaasje |
Hoogrendementsketel |
Lykstroomfentilaasje | |
Gevelisolaasje |
HRe-ketel |
Lykstroompomp | |
Heechrindementsglês |
Lege temperatuer-ôfjeftesysteem | ||
Isolearrende duorren, kezynen, panelen |
Waarmte weromwinsysteem | ||
Spouwmuurisolaasje |
Warmtepomp | ||
Vlor - en boaiemisolatie |
Wettersidich ynregelje | ||
Solderflier- en en vlieringvlierisolaasje |
Sinneboiler |
Neist boppeneamde maatregels kin der ek advys, begelieding en behear troch de Energiebespaarlening oanfrege wurde.
Fia in subsydzje fanút de provinsje Fryslân kinne Fryske oanfregers fan 1 augustus 2020 ôf in koarting fan 0,5% op de rinte ûntfange op de lanlike enerzjybesparliening. Fan 1 febrewaris ôf jildt in koarting fan 1% op 'e rinte.
Sûnt it earste fearnsjier fan 2022 is it NWF útwreide mei NWF 2 wêrtroch't ek lytse VvE’s en wenningeigeners âlder as 75 jier yn oanmerking komme foar de Energiebespaarlening. Op 29 maart 2022 hat Deputearre Steaten fan Fryslân besletten de subsydzje foar de rintekoarting ek foar NWF 2 beskikber te stellen. De rintekoarting wurdt oant en mei 31 desimber 2023 ferliend.
Partikuliere oanfraach(eksterne link)
Benijd nei de ûnderfining fan in Fryske ynwenner? Lês hjir in ûnderfining út Fryslân(eksterne link).